Ferskil tusken ferzjes fan "Fagina"

7 bytes lytser ,  2 jier lyn
→‎Seksualiteit: Stikje foarljochting
(→‎Undersyk: Stikje foarljochting)
(→‎Seksualiteit: Stikje foarljochting)
 
== Seksualiteit ==
By froulju dy't noch gjin geslachtsferkear hân hawwe wurdt de fagina omrâne troch it [[fammeflues]] (''hymen''). 'Flues' is lykwols in ûngelokkige beneaming. It fammeflues is net sluten; der sit in grutte iepening yn wêrtroch't der by de [[menstruaasje]] bloed troch nei bûten kin. As it hymen ûndanks sport en [[tampon]]gebrûk te grut is foar penetraasje fan de fagina, sil it fammeflues by it earste geslachtsferkear ynskuorre, wêrby't wat bloed frijkomme kin. Soks kin pynlik wêze.
 
Guon froulju hawwe in tige gefoelige [[erogene sône]] binnen harren fagina, it [[G-plak]], wêrmei't hja in [[orgasme]] berikke kinne. Foar de measte froulju is lykwols stimulearring fan de [[klitoaris]] nedich om ta in orgasme te kommen. Dy te stimulearjen middels [[slikje]]n mei de [[tonge]] hjit ''[[cunnilingus]]'', populêr: ''beffe''. Om it fersprieden fan [[geslachtssykte|fenearyske sykten]] foar te kommen besteane der saneamde ''[[beflapke]]s'', makke fan [[lateks]] en mei in oangename rook.
82.421

bewurkings