Elie Wiesel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 29:
[[File:Buchenwald Slave Laborers Liberation.jpg|thumb|left|250px|[[Buchenwald]], [[1945]]. Wiesel befynt him yn 'e twadde rige fan ûnderen, en is de sânde fan lofts.]]
 
Sighet lei yn it diel fan Transsylvaanje dat Roemeenje yn [[1940]] ûnder druk fan [[nasjonaal-sosjalisme|nazy]]-[[Dútslân]] ôfstean moast oan Hongarije, dat doe't yn [[1944]] de Hongaarske joaden nei de konsintraasjekampen deportearre waarden, trof dat lot ek Wiesel syn húshâlding. Wiesel syn mem en syn suske Tzipora waarden [[moard|fermoarde]] yn [[Auschwitz-Birkenau]], wylst hysels en syn heit nei it subkamp Buna fan it oanswettende [[wurkkamp]] [[Auschwitz III Monowitz]] ta stjoerd waarden, dêr't se ûnder abominabele omstannichheden [[twangarbeid]] ferrjochtsje moasten. Dêr waard ek syn finzenenûmer, "A-7713", him op 'e [[earm]] [[tatoeaazje|tatoeëarre]]. Begjin [[jannewaris]] [[1945]], doe't it [[Reade Leger]] almar neieroan kaam, waarden de finzenen út dat kamp twongen om nei it westliker leine konsintraasjekamp [[Buchenwald]] te [[Deademars (Twadde Wrâldoarloch)|marsjearjen]]. Wiesel syn heit beswiek dêr oan 'e [[mishanneling]] troch sawol bewekkers as mei-finzenen wylst er al litte oan [[dysentery]], [[ûnderfieding]] en [[útputting]], in pear wiken foar't it kamp op [[11 april]] befrijd waard troch it [[Amerikaanske Leger]].
 
===Frankryk===