Abraham Salomon Levisson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben en wurk: oanf. fan nl:
Rigel 10:
Doe't der hoe langer hoe mear flechtlingen it lân ynkamen, en yn it Kamp Westerbork by inoar set waarden, krewearre Levisson foar ferbettering fan harren omstannichheden en naam ek de pastorale soarch op 'e noed. It brocht him de earetitel 'rebbe simche' (''simche'' = wille). Doe't de Dútsers it lân ynfoelen besocht er fergees om 700 kampbewenners nei Hollân te krijen.
 
Levisson protestearre op it haadkertier fan de [[SS]] yn Ljouwert tsjin de skeining fan godlike en minsklike wetten. Tsjûgen út Westerbork en letter ek [[Bergen-Belsen]] ferhelje fan in geastlik sterke, stânfêstige, behelpsume man, in ynspiraasjeboarne foar in soad minsken, dierber by minsken fan ferskillend leauwen en komôf.
Begjin 1943 waard Levisson twongen om mei syn gesin nei Amsterdam te ferhuzjen, dêr't er noch opnaam waard yn it Rabbinaat. Hy waard arrestearre en kaam yn septimber 1943 yn [[kamp Westerbork]] telâne. Hy waard deportearre nei it kamp [[Bergen-Belsen]].
 
Tsjûgen út Westerbork en letter ek [[Bergen-Belsen]] ferhelje fan in geastlik sterke, stânfêstige, behelpsume man, in ynspiraasjeboarne foar in soad minsken, dierber by minsken fan ferskillend leauwen en komôf.
 
Begjin april 1945 wie Levisson by de finzenen dy't fan Bergen-Belsen oerbrocht waard nei it [[konsintraasjekamp Theresienstadt]]. By it doarp Tröbitz waard de trein befrijd troch it Russyske leger. Levisson oerlibbe de treinreis net, lykas is protte oaren, en kaam yn in mienskiplik grêf by Tröbitz.