Toerswel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
typos
Rigel 8:
[[File:Gierzwaluw Apus apus Jos Zwarts 2.tif|thumb|245px|Toerswellen in flecht]]
 
De '''roersweltoerswel''' is in [[fûgel]] út de [[famylje]] fan de [[roerswelfûgelstoerswelfûgels]]. De 16,5 sm grutte fûgel is hast hielendal swart. By syn kiel hat er wat wite fearren mar dat is faak net te sjen. De fûgels briede yn hiel [[Jeropa]] en oerwinterje yn it suden fan [[Afrika]]. Hoewol de toerswel in protte op de [[swellen]] liket stiet er der taksanomysk in hiel ein fanôf.
 
== Yn de loft ==
De toerswellen sjogge jo hast allinnich yn de loft at se rûnfleane, se binne te werkennen oan harren silhûet mei de smelle lange [[wjukken]] en de foarkefoarmige sturt. Toerswellen hawwe hiele lytse poatsjes dy't net brûkber binne om te rinnen. It latynske ''Apus'' betsjut dan ek ''sûnder poatten''. In roersweltoerswel dy't op de grûn bedarret kin út himsels hast net wer op de wjukken komme. De poatsjes fan de toerswel kin er wol brûke om him oan muorren en rotsen fest te hâlden.
 
== Iten ==
De roersweltoerswel is in echte [[ynsekte]]niter. Syn iten fynt er wylst er troch de loft jachtet. Syn bek kin foar dat doel in hiel ein iepen. Ôfhinklik fan it waar en it plak dêr't de fûgels it bêste ynsekten fine kinne, fleane se soms wol hûnderten kilometers fan harren koloanje om iten te sykjen. Foar harren jongen sammelje se wol in grut tal lytse ynsekten dy't se as in bal nei harren nêst bringe.
 
== Fuortplanting ==
De roersweltoerswel komt begjin [[maaie]] yn Fryslân. Se sykje dan harren nêst op, meast ûnder de pannen fan it dak fan âldere huzen. De 2-3 [[aaien]] wurde yn 18-20 dagen útbret. De jongen bliuwe dan noch sa'n 6 wiken op it nêst. De âlden soarchje derfoar dat er iten komt. At de jongen útfleane kinne se harren selsstannich rêde en de hiele dei yn de loft bliuwe.
 
== Sjoch ek ==