Sikke Wolters: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6:
Plysje Wolters wie stasjonearre op It Hearrenfean. Hy wurke dêr nau op mei de [[Nederlânske Lânwacht|Lânwacht]]. Dat wie net fansels om't de plysje yn in protte plakken neat hawwe moast fan it eigensinnige optreden fan de Lânwacht.<ref>Keizer, p.137</ref>
 
Wolters wie in tige trochtaastend plysjeman. Hy die him regelmjittich foar as [[Swarte hannel|swarthanneler]]. Nei't de keap sletten wie makker er him bekend as plysje wn waard de keper arrestearre.<ref name="wraak">Jack Kooiman en Albert Oosthoek (2009). ''Recht op wraak: liquidaties in Nederland 1940-1945'', s.127-128</ref> Wolters kaam in protte fersetsminsken, alliearde fleanders en ûnderdûkers op it spoar en wie sadwaande in serieuze bedriging foar de [[Undergrûnse|ûndergrûnse]]. Dêrtroch waard hieltyd mear heard om him mar fan kant te meitsjen. It wie net fansels dardat eltse ferrieder samar út'e wei romme waard, omdat de Dútsers faak ferjildingsmaatregelen namen en dêrby in protte – al as net willekeurige – slachtoffers makken.
 
It plan om Wolters te likwidearjen waard yn it ferset earst foarlein oan in saneamd feemgerjocht, dat út trij "rjochters" bestie. Sy joegen tastimming om him te deadzjen. Dat barde nei fuortendaliks. Wolters krige earst noch in brief dêr't him it deafûnis yn oansein waard. It soe ek útfierd wurde, of it moast wêze dat er ophâlde mei syn jacht op minsken. Hy gie der lykwols gewoan met troch, sadat besletten waard him út de wei te romjen. Mei mar ien kûgel waard er deadien yn de fytsestalling fan it treinstasjon op It Hearrefean troch fersetsman [[Gerrit Hagen]].<ref>[http://www.delpher.nl/nl/kranten/view?query=%22sikke+wolters%22&coll=ddd&identifier=ddd%3A010536357%3Ampeg21%3Aa0099&resultsidentifier=ddd%3A010536357%3Ampeg21%3Aa0099 ''De aanslag op Sikke Wolters''], ''Heerenveensche Courant'', 9 juny 1947</ref> It pistoal wêrmei't Hagen it die waard yn 1980 oan it [[Fersetsmuseum (Ljouwert)|Fersetsmuseum]] yn Ljouwert skonken, mar ferdwûn in jierletterjier letter by in ynbraak.<ref name="wraak" />
 
As represaille waard feehâlder Albert Marten Rinkema in pear dagen letter deasketten.<ref>[http://www.joustercourant.nl/gemeentenieuws/39142/albert-marten-rinkema-krijgt-eigen-straatnaambord/ ''Albert Marten Rinkema krijgt een eigen straatnaambord''], ''Jouster Courant'', 1 july 2015</ref>