Paul von Hindenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
{{stobbe|skiedniswurk}}
[[Ofbyld:Von Hindenburg.jpg|thumb|Paul von Hindenburg]]
'''Paul Ludwig Hans von Beneckendorf und von Hindenburg''' ([[Poznan|Posen]], [[Gruthartochdom Posen]], [[2 oktober]] [[1847]] – [[Ogdrodzieniec (ErmlandErmlân-MazuriëMazurje)|Gut Neudeck]] ûnder [[Kisielice|Freystadt yn West-Prusen]] ([[Regierungsbezirk West-PruisenPrusen]] provinsje [[East-Prusen]]), [[2 augustus]] [[1934]]) wie in Prusysk-Dútsk [[fjildmaarskalk]], [[steatsman]], [[politikus]] en de twadde [[rykspresidint]] fan [[Dútslân]]. Yn de [[Earste WrâldoarlochWrâldkriich]] wie er fan [[1916]] – [[1918]] ien fan de oerbefelhawwers fan it Dútske leger. Hy wûn ûnder mear de [[Slach by Tannenberg (1914)|Slach by Tannenberg]] yn [[1914]]. As presidint fan Dútslân beneamde er [[NSDAP]]-lieder [[Adolf Hitler]] ta rykskânselier fan Dútslân yn [[1933]].
 
==Jongere jierren==
Paul von Hindenburg wie yn 1847 berne as de âldste soan fan in Prusyske offisier en grutgrûnbesitter Robert von Beneckendorff und von Hindenburg en Luise Schwickart yn Posen yn it eardere Gruthartochdom Posen.
Op 24 septimber 1879 boaske er mei Gertrud von Sperling (1860 - 1921). Hja krigen in soan [[Oskar von Hindenburg|Oskar]] (1883 - 1960) en twa dochters, Irmengard Pauline (1880 - 1948) en Annemarie (1891 - 1978).
Hindenburg wie in wiere konservatyf, monargistysk, nasjonalistysk en mear op Prusen as op Dútslân rjochte en hy delmjirke keunst en literatuer. Hy wie in aristokraat en fûn dat de adel allinnich gaadlik wie foar it lânbestjoer en legerlieding. Hy wie in earfol lid fan it Prusyske leger, mar net opfallend. Hy focht yn de [[Slach by Königgratz]] en de [[Slach by Sedan]] tsjin de Eastenrikers en Frânsken. Hy beëinige syn rinpaad as generaal yn 1911 en militêr gûverneur fan Hannover. Untefreden mei dizze posysje frege er earder pensioen oan.
 
==Earste Wrâldkriich==
Yn [[1914]] foelen de Russen [[East-Prusen]] oan en Von Hindenburg, dy njonkelytsen al 3 jier mei pensioen wie en 66 jier âld wie, waard werom frege yn it leger. Hy waard generaal it Dútske achtste leger oan it eastfront. Hy wurke tegearre mei [[Erich Ludendorff]]. Fan [[Alfred von Schlieffen]], de ûntjouwer fan it [[Von Schlieffenplan]], learde Von Hindenburg dat ferdigenjen froulik is, mar oanfallen is manlik. Yn de Slach by Tannenberg keas er dan ek foar de oanfal ynstee fan ferdigening. Neffens it Von-Schlieffenplan moast earst it westfront ferslein wurde troch oanfallen, wylst it easten ferdigene wurde moast. Von Hindenburg negearde dus it Von-Schlieffenplan. Hy en Ludendorff buorken goed oan it eastfront en fersloegen de Russen yn de iene nei de oare slach. Om't in soad troepen nei it easten lutsen waard, kaam it westfront te koart. Der wiene krekt te min difyzjes yn de earste [[Slach oan de Marne]] om troch te brekken en de kriich ûntjûch him ta in [[rinfuorgenkriich]].
Yn [[1916]] krigen Von Hindenburg en Ludendorff it befel oer alle Dútske striidkrêften. Yn [[1918]] like it ynearsten goed te gean foar Dútslân. Doe't de Amerikanen de kant fan de [[Alliëarden]] keazen, gie it minder. De blokkaden fan de Dútske havens troch de allëarden wurken, dêr in tekoart oan fiedsel en grûnstoffen ûntstie. It moraal fan de toepen sakke hurd en Von Hindenburg seach yn dat de kriich ferlern wie. Hy en syn kollega Ludendorff bieden harren ûntslach oan.
 
 
 
{{commonsBalke|Paul von Hindenburg}}