Paul von Hindenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 9:
 
==Earste Wrâldkriich==
Yn [[1914]] foelen de Russen [[East-Prusen]] oan en Von Hindenburg, dy njonkelytsen al 3 jier mei pensioen wie en 66 jier âld wie, waard werom frege yn it leger. Hy waard generaal it Dútske achtste leger oan it eastfront. Hy wurke tegearre mei [[Erich Ludendorff]]. Fan [[Alfred von Schlieffen]], de ûntjouwer fan it [[Von Schlieffenplan]], learde Von Hindenburg dat ferdigenjen froulik is, mar oanfallen is manlik. Yn de Slach by Tannenberg keas er dan ek foar de oanfal ynstee fan ferdigening. Neffens it Von-Schlieffenplan moast earst it westfront ferslein wurde troch oanfallen, wylst it easten ferdigene wurde moast. Von Hindenburg negearde dus it Von-Schlieffenplan. Hy en Ludendorff buorken goed oan it eastfront en fersloegen de Russen yn de iene nei de oare slach. Om't in soad troepen nei it easten lutsen waard, kaam it westfront te koart. Der wiene krekt te min difyzjes yn de earste [[Slach oan de Marne]] om troch te brekken en de kriich ûntjûch him ta in [[Rinfuorge|rinfuorgenkriich]].
Yn [[1916]] krigen Von Hindenburg en Ludendorff it befel oer alle Dútske striidkrêften. Yn [[1918]] like it ynearsten goed te gean foar Dútslân. Doe't de Amerikanen de kant fan de [[Alliëarden]] keazen, gie it minder. De blokkaden fan de Dútske havens troch de allëarden wurken, dêr in tekoart oan fiedsel en grûnstoffen ûntstie. It moraal fan de toepen sakke hurd en Von Hindenburg seach yn dat de kriich ferlern wie. Hy en syn kollega Ludendorff bieden harren ûntslach oan.