Basilica minor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 4:
De gebouwen en flaggen fan in basilica minor kinne de krúste kaaien drage, sa't dy op it wapen fan de paus te sjen binne. De giel-read streepte parasol (it ''conopeum''), dy't oarspronklik de preester by prosesjes beskermje moast, en it ''[[tintinnabulum]]'', in [[liturgy]]ske klok, binne as symboalen fan in basilica minor net mear ferplichte. Se steane meastentiids opsteld yn it preesterkoer.
 
It proses om de titel fan in basilica minor te ferlienen wurdt hjoeddedeihjoed-de-dei benammen troch de ''Acta Domus ecclesiae de titulo basilicae minoris'' fan de Kongregaasje foar de Earetsjinst en de Sakramintsoarder fan 9 novimber 1989 regele. Oan de ferliening fan de titel wurde beskate easken steld. Sa moat de tsjerke regelmjittich iepen wêze foar de eare- en bychttsjinst en sawol de personele besetting as de ynrjochting moatte geskikt wêze neffens de fernijde liturgyske easken, sa't dy troch Rome foarskreaun wurde.
 
Op it stuit binne der likernôch 1.800 basilike tsjerken (stân 31 desimber 2017: 1.766), dêrfan 571 yn [[Itaalje]]. Fral beafeartstsjerken wurdt de titel ferliend. In basilica minor is te werkennen oan in skyld mei it pauslike wapen boppe of by it portaal. Fan in noch hegere rang is de titel fan ''[[Basilica maior]]''. Dy titel is tsjintwurdich foarbeholden oan fjouwer tsjerken yn Rome.<ref>[http://www.gcatholic.org/churches/data/basITX.htm#aaa gcatholic.org, oproppen 29.07.2018]</ref>