Paul von Hindenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
klear
red
Rigel 5:
Paul von Hindenburg wie yn 1847 berne as de âldste soan fan in Prusyske offisier en grutgrûnbesitter Robert von Beneckendorff und von Hindenburg en Luise Schwickart yn Posen yn it eardere Gruthartochdom Posen.
Op 24 septimber 1879 boaske er mei Gertrud von Sperling (1860 - 1921). Hja krigen in soan [[Oskar von Hindenburg|Oskar]] (1883 - 1960) en twa dochters, Irmengard Pauline (1880 - 1948) en Annemarie (1891 - 1978).
Hindenburg wie in wiere konservatyf, monargist, nasjonalist en mear op Prusen as op Dútslân rjochte en hy mjirke keunst en literatuer del. Hy wie in aristokraat en fûn dat de [[adel]] allinnich gaadlik wie foar it lânbestjoer en de legerlieding. Hy wie in earfol lid fan it Prusyske leger, mar net opfallend. Hy focht yn de [[Slach by Königgratz]] (1866) en de [[Slach by Sedan]] (1870) tsjin de Eastenrikers en Frânsken. Hy beëinige syn rinpaadwurkpaad as generaal yn 1911 en militêr gûverneur fan Hannover. Untefreden mei dizze posysje frege er earder pensioenpensjoen oan.
 
==Earste Wrâldkriich==
[[Ofbyld:Paul von Hindenbug als Generalmajor im Generalstab 1897.JPG|thumb|Generaal-majoar von Hindenburg rûn 1897 mei fiif kommandeurskruzen en de ûnderskieding fan de [[Oarder fan Sint-Mauritius en Sint-Lazarus]]]]
Yn [[1914]] foelen de Russen [[East-Prusen]] oan en Von Hindenburg, dy njonkelytsen al 3 jier mei pensioenpensjoen wie en 66 jier âld wie, waard werom frege yn it leger. Hy waard [[generaal]] yn it Dútske achtste leger oan it eastfront. Hy wurke tegearregear mei [[Erich Ludendorff]]. Fan [[Alfred von Schlieffen]], de ûntjouwer fan it [[Von Schlieffenplan]], learde Von Hindenburg dat ferdigenjen froulik is, mar oanfallen is manlik. Yn de Slach by Tannenberg keas er dan ek foar de oanfal ynstee fan ferdigening. Neffens it Von-Schlieffenplan moast earst it westfront ferslein wurde troch oanfallen, wylst it easten ferdigene wurde moast. Von Hindenburg negeardenegearre dus it Von-Schlieffenplan. Hy en Ludendorff buorken goed oan it eastfront en fersloegen de Russen yn de iene nei de oare slach. Om't in soad troepen nei it easten lutsen waardwaarden, kaam it westfront te koart. Der wiene krekt te min difyzjes yn de earste [[Slach oan de Marne]] om troch te brekken en de kriich ûntjûch him ta in [[Rinfuorge|rinfuorgenkriichrinfuorgekriich]].
Yn [[1916]] krigen Von Hindenburg en Ludendorff it befel oer alle Dútske striidkrêften. Yn [[1918]] like it ynearsten goed te gean foar Dútslân. Doe't de Amerikanen de kant fan de [[Alliëarden]] keazen, gie it minder. De blokkaden fan de Dútske havens troch de allëarden wurken goed, want der ûntstie in tekoart oan fiedsel en grûnstoffen. It moraal fan de toepen sakke hurd en Von Hindenburg seach yn dat de kriich ferlern wie. Hy en syn kollega Ludendorff bieden harren ûntslach oan.
 
==As Rykspresidint fan de Weimarrepublyk==
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-S38324, Tag von Potsdam, Adolf Hitler, Paul v. Hindenburg.jpg|thumb|Hitler en Von Hindenburg op de [[Dei fan Potsdam]]]]
Yn [[1925]] ferstoar Rykspresidint [[Friedrich Ebert]]. By de ferkiezing fan in opfolger helle net ien kandidaat de absolute mearderheid yn de earste stimgong. Yn de twadde stimgong stelde Hindenburg, lykwols tsjin syn sin yn mar oantrúnd troch in soad konservativen, himsels kandidaat en wûn mei in romme mearderheid. Der wie ynearsten in soad twivel oft in antydemokratysk-gesinde ealman, dy't leafst de monargy wer werom hawwe woe, wol in goede presidint foar de earste demokratyske Dútske republyk wêze soe. De [[Weimarrepublyk]] wie in steat dêryndêr't de polityk troch de [[Rykskânselier]] en it kabinet formulearre waarden. Hy moast yndie neat fan de demokrasy hawwe, mar hy swarde de eed op de [[grûnwet fan Weimar]] en hold him der ek oan. Tsjin de ferwachtings yn wie de âld-generaal in poerbêst haad fan de steat. Oan'e ein fan syn sânjierrige termyn, doe't syn lea en geastlike krêft minder waarden, liet er himsels dochs wer oerhelje en stel himsels fannijs kandidaat. In soad fan syn efterban wiene nuodlik foar de oare kandidaat: de [[Nasjonaalsosjalisme|nasjonaalsojalistyske]] lieder [[Adolf Hitler]]. Von Hindenburg wûn dizze ferkiezing mei 51 prosint tsjin 36 prosint foar Hitler.<br/>
De politike ferdielingferdieldheid yn it lân waard hieltyd slimmer. De ''[[kamarilla]]'', dy't bestie út syn siktaris dr.[[Otto Meissner]], âld-kânselier [[Franz von Papen]] en syn soan Oskar, trúnde by Hindenburg oan om Hitler te beneamen ta Rykskânselier. Dat woene hja fansels foar harrenút eigen belang, dyom't se tochten dat Hitler in boadskipjonge foar harren wêze koe. Von Hindenburg moast eins neat fan de 'Boheemske korporaal' hawwe. Nei twa koarte kabinetten beneamde Von Hindenburg Hitler op 30 jannewaris 1933 by einbeslút dochs ta Rykskânselier as opfolger fan [[Kurt von Scleicher]].
Wêrom't hyer ynienen wol oergie ta it beneamen fan Hitler bliuwt in fraach. Faaks waard syn [[demintens]], dêr't er al in skoft lêst fan hie, hieltyd slimmer. Hy wist net altyd mear wêr't hyer wie of wat der geande wie. Syn soan wie belutsen by in tal skandalen, bygelyks it ''[[Osthilfeskandaal]]'' en Von Hindenburg wist der faaks neat fanôf. Hitler koe dwaan en litte wat er woe. Nei de [[Ryksdeibrân]] en de [[Nacht fan de Lange Messen]] lokwinske Von Hindenburg Hitler mei it hurde oanpakkenen fan de 'ûnwinske eleminten'. De doe 85-jierrige âlde presidint wist faaks net iens wat der geande wie.
 
==Ferstjerren==
Op 2 augustus 1934 ferstoar Paul von Hindenburg op [[Ogrodzieniec (Ermlân-Mazurje)|Gut Neudeck]] by [[Kisielice|Freystadt yn West-Prusen]] (Regierungsbezirk West-Prusen) yn de eardere provinsje [[East-Prusen]]. Hy wie dy simmers al slim siik. Doe't Hitler him opsocht neamde er Hitler 'Majesteit' ûnder de tins dat de keizer foar him stie. Neffens famyljeleden koe er nimmen mear werom en wiene syn lêste wurden: 'Myn keizer...myn Dútske heitelân'. Hy wie 86 jier âld. Hy waard mei in grutte plechtichheid te hôf brocht yn it [[Tannenbergmonumint]] by [[Olsztynek|Hohenstein]]. Om tefoaren te kommen dat de stoflike omskotten fan Von Hindenburg en syn frou yn hannen fan it [[Reade Leger]] falle soene, waarden hja mei de [[kruser]] [[Emden (kruser)|Emden]] nei it westen fan Dútslân brocht. Oan'e ein fan de kriich waarden de soflikestoflike resten troch Amerikaanske troepen fûn yn in sâltmyn yn Tueringen. Yn augustus 1946 waarden hja bysetten yn de [[Elisabethkirche]] yn [[Marburg]]. It Tannenbergmonumint yn East-Prusen wie njonkelytsenûnderwylts ferneatige troch it Reade Leger.
 
==Nijsgjirrich==
De daam dy't it [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] [[eilân]] [[Sylt]] mei it festelân ferbynt hjit de [[Von Hindenburgdaam]], datdy't nei Paul von Hindenburg neamd is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=