Marinus van der Lubbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{Wurk}} thumb|Marinus van der Lubbe (1933) '''Marinus (Rinus) van der Lubbe''' (Leien, 13 jannewaris 1909 - Leipzig, 10 jannewaris...
 
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:MarinusvanderLubbe1.jpg|thumb|Marinus van der Lubbe (1933)]]
'''Marinus (Rinus) van der Lubbe''' ([[Leien]], [[13 jannewaris]] [[1909]] - [[Leipzig]], [[10 jannewaris]] [[1934]]) wie in [[Nederlân|Nederlânske]] [[kommunist]] dy't ta dea feroardield wie foar de brânstifting fan it [[Ryksdeigebou]] yn de [[Dútslân|Dútske]] [[haadstêd]] [[Berlyn]] op [[27 febrewaris]] [[1933]]. Hy wie it earste Nederlânske oarlochslachtofferslachtoffer fan de [[nazys]] en syn die hie grutte gefolgen foar de wrâld. De [[nazys]] wûnen in wike letter de ferkiezings en setten út ein mei harren klopjacht op de kommunisten en sleaten harren op yn [[konsintraasjekampen]] op te sluten. Nobelpriiswinner [[Albert Einstein]] naam troch de brân en fûnis fan Van der Lubbe stelling tsjin de nazys.
 
==Libben==
Marinus van der Lubbe wie berne yn Leien, mar brocht syn iere jongerein troch yn [[De Bosk]]. Syn heit wie hanneler. Doe't Marinus tolve jier âld wie, ferstoar syn mem. Hy gie dêrnei meiby it gesin fan syn suster yn [[Oegstgeest]] te wenjen.<br/>
Hy wurke as mitseler. By in ûngemak op it wurk krige er kalk yn desyn eagen en operaasjes om it ferlerne gesicht op te helpen mislearen. Hy krige in útkearing fan fl 7,44 gûne yn'e moanne. Hy ferhûze werom nei Leien, dêr't er yn krykkrakkige wenten wenne.<br/>
Hy waard omskreaun troch minsken dy him koene as in skrutele en froenlike jonge. Hy wie in goede lobbes en woe de wrâld ferbetterje, mar wie dochs ek ympulsyf. Hy hadhie twaris yn de finzenis sitten. De earste kear foar it demonstrearjen op strjitte en him fersette him tsjin de plysje en de twadde kear foar it ynsmiten fan ruten fan it 'Maatskiplik Helpbetoan'. Hy woe mear jild om rûn te kommen.<br/>
Hy hie [[Kommunisme|kommunistyske]] en [[Anargisme|anargistyske]] ideeën en wie lid fan de [[Kommunistyske Jongerenbûn|CJB]], de ''Kommunistyske Jongeren Bûn''. Yn [[1931]] woe er nei de [[Sowjetuny]] en sjen hoe't arbeiders dêr libben, mar hy kaam net fierder as Poalen. Hommels ferfear er yn febrewaris 1933 nei Dútslân en hy wie njonkelytsen al 75 prosint blyn. In pear dagen letter stie er yn de krante foar brânstifting yn de Ryksdei. Hy ferstoar op 10 jannewaris 1934 yn Leipzig troch ûnthalzing. Foar de begreffenis wie syn holle lykwols wer oan syn learomp naaid.
 
==Brânstifting==
{{Apart|Ryksdeibrân}}
Van der Lubbe waard ferneamd as de brânstifter fan it Dútske Ryksdeigebou yn Berlyn op 27 febrewaris 1933. Dit wie likernôch in moanne nei't [[Adolf Hitler]] op 30 jannewaris 1933 [[Rykskânselier]] fan Dútslân wurden wie.
Guon skiedkundigen freegje harren ôf oft hy allinnich de stifter wie of dat hy help krigen hie. De nazys beskuldigen de kommunisten derfan dat hja him holpen, wylst de kommunisten oertsjûge wiene dat de nazys sels efter de brân sieten. Yn de [[Proses fan Neurenberch]] ferklearre [[generaal]] [[Franz Halder]] ûnder eed, dat [[Hermann Göring]]
op [[20 april]] [[1942]] swetste dat hy de brân stifte hie. [[Bruno Loerzer]] ferklearre op [[28 febrewaris]] 1933 yn in petear mei Albrecht Freiherr von Freyberg-Allmendingen: ''Ich verstehe nicht, was die Leute alle für einen Unsinn über den Reichstagsbrand verbreiten. Ich habe von meinem Freunde Göring mit einer Gruppe von SA-Männernen Auftrag bekommen, den Reichstag anzuzünden.'', ''Ik begryp net, wat de minsken allegear oan ûnsin ferspriede oer de brân fan de Ryksdei. Ik haw fan myn freon Göring de opdracht krigen en stek de Ryksdei yn brân mei in groep SA manlju.''<br/>
Hy stie my fjouwer oare kommunisten terjochte: de fraksjefoarsitter fan de Dútske kommunisten ([[Kommunistyske Partij fan Dútslân|KPD]]) [[Ernst Torgler]] en trije Bulgaren [[Georgi Dimitrov]], [[Blagoi Popov]] en [[Wassil Tanev]]. Hermann Göring woe der in propagandasjo fan meitsje, mar de oare fjouwer kommunisten, en benammen Dimitrov, koene harren sels sa goed ferdigenje dat hja frijsprutsen waarden. Van der Lubbe waard as iennige skuldich fûn en waard feroardield ta de deastraf. Op 10 jannewaris 1934 waard er yn in finzenis yn Leipzig ûnthalze en anonym op it ''Südfriedhof'' begroeven. Dat wie tsjin de winsk fan syn famylje yn. Der stiet sûnt [[13 jannewaris]] [[1999]] in betinkingsstien.
 
==Lettere ûntwikkelings==
De saak Van der Lubbe gie nei syn dea noch lang troch. Yn [[1955]] die syn boer Johannes (Jan), mei help fan in ûnbekende sponsor, syn earste fersyk oan de Westberlynske justysje en iepenje fannijs de saak. Yn [[1967]] waard it ta dea feroardielen omsetten yn acht jier tichthûs. Yn [[1980]] waard er nei in fersyk fan syn boer Jan ta feroarjen alhiel frijsprutsen. Dat wie letter wer tebekdraaid, om't der gjin wetlike grûn wie foar it fannijs iepenjen fan de saak. Mei help fan de Berlynske abbekaat Reinhard Hillebrand waard op [[6 desimber]] [[2007]] it deafûnis tsjin Marinus van der Lubbe troch it Dútske Federaal Gerjochtshôf fan [[Karlsruhe]] alhiel opheft. Dêrtroch waard it strafferfolgjen offisjeel stopsetten en waard er rehabilitearre. Dit barde op grûn fan in wet, dy't yn [[1998]] oannaam wie, dy't it mooglik makke nasjonaalsosjalistyske fûnissen út it tiidrek tusken 1933 en 1945 tebekdraaie te litten, de saneamde ''Gesetz zur Aufhebung nationalsozialistischer Unrechtsurteilen der Strafrechtspflege''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:nl:Marinus van der Lubbe]]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Marinus van der Lubbe}}
}}
 
 
{{DEFAULTSORT:Lubbe, Marinus van der}}
[[Kategory:Nederlânsk kommunist]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1909]]