Ferskil tusken ferzjes fan "Benefysjaalboek"

L
J. van Leeuwen -> Jacob van Leeuwen
(redkat)
L (J. van Leeuwen -> Jacob van Leeuwen)
 
In '''Benefysjaalboek''' is in gemeentlik boek mei listen oer grutte, grinzen en jierlikse opbringsten fan de patroans, [[Pastorijegoed|pastorije]]-, [[Fikarygoed|fikary]] en prebindeguod fan alle Fryske parochys binnen harren grûngebiet.
 
Yn [[1542]] joech [[Karel V]] de Fryske gemeenten opdracht om Benefysjaalboeken oan te lizzen. Dy binne foar it meastepart fan de stêden en [[gritenij]]en bewarre bleaun. Allinnich [[Frjentsjerteradiel]], [[Aenjewier]], [[Gaasterlân]], [[Skoatterlân]] en ferskate doarpen ûntbrekke. Der bestiet in útjefte fan, yn [[1774]] printe, mar earst yn [[1850]] troch J.[[Jacob van Leeuwen]] publisearre. Omdat in faak brûkte en detaillearre boarne is, dy't in skerp ynsjoch jout yn de finansiering fan de midsiuwske Fryske parochytsjerken en harren betsjinners, en boppedat in soad nammen en gegevens oer it brûken fan lân jout, binne der plannen om in analoge én in digitale útjefte te meitsjen.
 
De [[Fryske Akademy]] is fan doel om de teksten fia de website beskikber te stellen. Boppedat sil dan in register op namme en in register op plak gearstald wurde.
1.614

bewurkings