Marinus van der Lubbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
L →‎Libben: [[]]
Rigel 4:
==Libben==
Marinus van der Lubbe wie berne yn Leien, mar brocht syn iere jongerein troch yn [[De Bosk]]. Syn heit wie hanneler. Doe't Marinus tolve jier âld wie, ferstoar syn mem. Hy gie dêrnei by it gesin fan syn suster yn [[Oegstgeest]] te wenjen.<br/>
Hy wurke as [[mitseler]]. By in ûngemak op it wurk krige er kalk yn syn eagen en operaasjes om it ferlerne gesicht op te helpen mislearen. Hy krige in útkearing fan 7,44 gûne yn'e moanne. Hy ferhûze werom nei Leien, dêr't er yn krykkrakkige wenten wenne.<br/>
Hy waard omskreaun troch minsken dy him koene as in skrutele en froenlike jonge. Hy wie in goede lobbes en woe de wrâld ferbetterje, mar wie dochs ek ympulsyf. Hy hie twaris yn de finzenis sitten. De earste kear foar it demonstrearjen op strjitte en fersette him tsjin de plysje en de twadde kear foar it ynsmiten fan ruten fan it 'Maatskiplik Helpbetoan'. Hy woe mear jild om rûn te kommen.<br/>
Hy hie [[Kommunisme|kommunistyske]] en [[Anargisme|anargistyske]] ideeën en wie lid fan de [[Kommunistyske Jongerenbûn|CJB]], de ''Kommunistyske Jongeren Bûn''. Yn [[1931]] woe er nei de [[Sowjetuny]] en sjen hoe't arbeiders dêr libben, mar hy kaam net fierder as Poalen. Hommels ferfear er yn febrewaris 1933 nei Dútslân en hy wie njonkelytsen al 75 prosint blyn. In pear dagen letter stie er yn de krante foar brânstifting yn de Ryksdei. Hy ferstoar op 10 jannewaris 1934 yn Leipzig troch ûnthalzing. Foar de begreffenis wie syn holle lykwols wer oan syn romp naaid.