Koepeltsjerke (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
{{Ynfoboks bouwurk
| namme = ''Koepeltsjerke''
| ôfbylding = Koepelkerk Leeuwarden.jpg
| ôfbyldingsbreedte = 275px
Rigel 23:
| tunnelet ûnder =
| wei of spoar =
| monumintale status = [[ryksmonumint]]
| monumintnûmer = 520002
| hichte =
| lingte =
Line 28 ⟶ 30:
| tal ferdjippings =
| kosten =
| webside = [http://www.koepeltheater.nl/ Side Koepelteäter]
}}
De '''Koepeltsjerke''' is in eardere [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde tsjerke]] op de hoeke fan de Vredeman de Vriesstrjitte en de Alma Tademastrjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De tsjerke is in ryksmonumint en troch it byzantynske oansjen fan de tsjerke is it ien fan de meast bysûndere bouwurken fan de stêd. Sûnt 2015 wurdt de Koepeltsjerke brûkt as [[Teäter (gebou)|teäter]].
Line 37 ⟶ 39:
Yn 1977 waard it oarspronglike oargel fan Valckx & Van Kouteren ferfongen troch in oargel fan Jos Vermeulen. It Vermeulen-oargel waard yn 1935 boud foar de yn 1975 ôfbrutsen [[Neogotyk|neogotyske]] Hillich-Herttsjerke fan [[Tilburch]]. It instrumint had 49 registers ferdield oer trije manualen en pedaal en is it grutste tsjerke-oargel fan Fryslân.
 
Nei de foarming fan de [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân]] ûntstie in lange striid foar it behâld fan it grifformearde erfguod yn de stêd. Alle grifformearde tsjerken waarden oerstallich ferklearre en ek de monumintale Koepeltsjerke waard ôfstjitten. <ref>[https://gereformeerdekerken.info/2015/10/01/de-leeuwarder-kerksluitingskwestie-2008-2015/ gereformeerdekerken.info, 01.10.2015] </ref>. De Algemiene Tsjerkeried fan Ljouwert joech op 11 maart 2015 tastimming foar de ferkeap oan in belizzer út [[Snits]]. Op 4 maaie 2014 waard yn de Koepeltsjerke de lêste tsjerketsjinst holden.<ref>[https://www.rd.nl/kerk-religie/leeuwarder-koepelkerk-wordt-cultureel-centrum-1.437727 Reformatorisch Dagblad]</ref> De nije eigner hat mei behâld fan de arsjitektuer en ynrjochting fan de Koepeltsjerke in kultureel sintrum makke.<ref>[http://www.koepeltheater.nl/over-ons/geschiedenis/ koepeltheater.nl]</ref>
 
== Arsjitektuer ==
De boustyl fan de Koepeltsjerke is in mingeling fan [[art deco]] en byzantynske styleleminten. It byzantynske oansjen wurdt benammen feroarsake troch de tsiensidige koepel, dy't mei koper belein is. Boppe de noardlike yngong is in grut [[roasfinster]] mei in betonnen trasearing ynbrocht. Oan de sintrale bou binne trije fleugels tafoege, dêr't galerijen yn boud waarden. Sa ûntstie der in tsjerke mei in sitplak foar likernôch 1.100 minsken. De banken binne oriëntearre op de preekstoel, dêr't it oargel boppe hinget. De trije bylden op de tuorren fan it oargel stellen it Leauwen, de Hope en de Leafde foar en waarden yn 1790 makke foar it oargel fan de Herfoarme Tsjerke fan it [[It Hearrenfean (plak)|Hearrenfean]].<ref>[http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Vredeman_de_Vriesstraat_24a_-_Koepelkerk Reliwiki.nl]</ref> Opfallend is de grutte sintrale luchter yn de foarm fan in kroan. De luchter krige dizze foarm fanwegen it feit dat doe it 25-jierrich kroaningsjubileum fan Wilhelmina fierd waard. Ek de jiertallen 1898 en 1923 yn de glês-yn-leadramen ferwize nei dat jubileum. Yn de ramen binne fierders wapens en de symboalen fan de evangelisten as dekoraasje ferwurke. <ref>[https://monumentenregister.cultureelerfgoed.nl/monuments/520002 Uittreksel monumentenregister, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed monumentenregister.cultureelerfgoed.nl]</ref>
 
==Trivia==
* Yn 2011 wie de Koepeltsjerke de lokaasje fan ''United Praise'', in barren dêr't religieuze muzyk sintraal stie. Sûnt lange tiid wie de Koepeltsjerke, bûten de grutte kristlike feesten om, wer ta it lêste sitplak beset.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=53653 AfgeladenFrysk Koepelkerk bij concert Praise UnitedDeiblêd, Friesch Dagblad, 7 februari 07.02.2011]</ref>
* It oargel fan de Koepeltsjerke kaam yn novimber 2012 yn it nijs troch in filmke op YouTube. Organist Jelle de Jong spile op it filmke it nûmer "Don't You Worry Child" fan de groep Swedish House Mafia.<ref>[http://www.lc.nl/friesland/regio/article15436083.ece/Leeuwarder-kerkorgel-hit-op-YouTube LeeuwarderLjouwerter kerkorgel hit op YouTube], Leeuwarder CourantKrante, 26 november .11.2012]</ref>
 
==Externe links==