Koepeltsjerke (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 42:
 
== Arsjitektuer ==
De boustyl fan de Koepeltsjerke is in mingeling fan [[art deco]] en byzantynske styleleminten. It byzantynske oansjen wurdt benammen feroarsake troch de tsiensidige koepel, dy't mei koper belein is. Boppe de noardlike yngong is in grut [[roasfinster]] mei in betonnen trasearing ynbrocht. Oan de sintrale bou binne trije fleugels tafoege, dêr't galerijen yn boud waarden. Sa ûntstie der in tsjerke mei in sitplak foar likernôch 1.100 minsken. De banken binne oriëntearre op de preekstoel, dêr't it oargel boppe hinget. De trije bylden op de tuorren fan it oargel stellen it Leauwen, de Hope en de Leafde foar en waarden yn 1790 makke foar it oargel fan de Herfoarme Tsjerke fan it [[It Hearrenfean (plak)|Hearrenfean]].<ref>[http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Vredeman_de_Vriesstraat_24a_-_Koepelkerk Reliwiki.nl]</ref> Opfallend is de grutte sintrale luchter yn de foarm fan in kroan. De luchter krige dizze foarm fanwegen it feit dat doe it 25-jierrich kroaningsjubileum fan keninginne [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]] fierd waard. Ek de jiertallen 1898 en 1923 yn de glês-yn-leadramen ferwize nei dat jubileum. Yn de ramen binne fierders wapens en de symboalen fan de evangelisten as dekoraasje ferwurke. <ref>[https://monumentenregister.cultureelerfgoed.nl/monuments/520002 Uittreksel monumentenregister, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed monumentenregister.cultureelerfgoed.nl]</ref>
 
==Trivia==