Fernuniversität Hagen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{Ynfoboks universiteit | namme = Fernuniversität in Hagen | ôfbylding = Uni hagen logo.svg | ôfbyldingsbreedte = 250px | ôfbyldingtekst = | ô...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 aug 2018 om 08.41

De Fernuniversität in Hagen (Ofstânsuniversiteit yn Hagen) is in Dútske universiteit dy't universitêr ôfstânsûnderwiis biedt. De universiteit is fêstige yn de stêd Hagen. Dêrneist hat de universiteit yn oare Dútske stêden en yn it bûtenlân regionale stúdzjesintra. Mei sa likernôch 75.000 studinten is it de grutste universiteit fan Dútslân.

Fernuniversität in Hagen
Namme
Biedwurd Ipsa Scientia Potestas Est
(De wittenskip sels is macht)
Lokaasje
Lân Dútslân
Plak Hagen
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1974
Rektor Ada Pellert
Tal studinten 74.205 (2018)
Offisjele webside
https://www.fernuni-hagen.de www.fernuni-hagen.de
Haadgebou fan de Fernuniversität Hagen

De universiteit sette yn 1974 útein as universiteit en hegeskoalle. Sûnt 2003 wurde der inkeld noch universitêre stúdzjes oanbean. De universiteit kriget oerheidsjild en de diploma's fan de Fernuniversität Hagen binne lykweardich oan diploma's fan reguliere universiteiten.

Organisaasje

Yn april 2018 hie de universiteit 85 professoaren yn tsjinst[1].

Fakulteiten

De universiteit is hat de neikommende fakulteiten:

Regionale stúdzjesintra

De regionale stúdzjesintra binne dependânses fan de Fernuniversität Hagen yn Dútslân en it bûtenlân. Sa hawwe studinten de mooglikheid om (relatyf) tichtby hûs aktiviteiten by te wenjen, toetsen te meitsjen, literatuer te lêzen of fragen te stellen.

De 13 Dútske regionale stúdzjesintra binne fêstige yn: Berlyn, Bonn, Coesfeld, Frankfurt am Main, Hagen, Hannover, Hamboarch, Karlsruhe, Leipzig, München, Neuss, Nürnberg en Stuttgart.

It stúdzje materiaal kin de hiele wrâld oer stjoert wurde sadat in stúdzje yn it bûtenlân ek mooglik is. De universiteit hat gearwurkingspartners en stúdzjesintra yn: Eastenryk, Hongarije, Letlân, Ruslân en Switserlân.

Oantal studinten

 
Untjouwing fan it tal studinten oan 'e Fernuniversität Hagen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daten-Zahlen-Fakten op de webside fan de Fernuniversität Hagen (lêst sjoen op 1 augustus 2018)