Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger oerlis:Mathys1995"

Mathys, no giet it dochs mis jo ynboboksen. De tekst stiet dernêst. Der is al haast by om dit op te lossen, want siden oer lannen dêr komme wol in soad lêzers del. Nochris: it giet om [[Berjocht:Ynfoboks lân]], [[Berjocht:Ynfoboks provinsje fan Noarwegen]] en [[Berjocht:Ynfoboks plak yn Noarwegen]]. Op 'e side [[Special:LintErrors]] kinne jo gau sjen om hokker siden oft it allegear giet. Graach even fluch aksje ûndernimme! [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 aug 2018, 14.36 (CEST)
:Goeie, ik sjoch no ek dat de tekst oeral stiet. Ik ha der efkes mei oan de gong west, mar it wol noch net slagje om it goed te krijen. Miskien is it wat om de boksen tydlik fuort te heljen of in eardere boks tydlik werom te setten? Ik sil der efkes wat langer mei omgrieme moatte om it wer ynoarder te meitsjen. Ik hear graach even wat jo derfan tinke. [[Meidogger:Mathys1995|Mathys1995]] ([[Meidogger oerlis:Mathys1995|oerlis]]) 2 aug 2018, 20.33 (CEST)
::Tsja, ik kin my wol aardich rêde mei in soad ynfoboksen, mar dy yngewikkelde dingen dy't jo ûntwurpen hawwe, dat giet my earlik sein boppe de pet. Dat, oan my hawwe jo net folle om dit probleem op te lossen. By de lannen kinne we it spul yndie wol even weromsette nei de âlde ynfoboksen. De ynformaasje yn en fan 'e nije ynfoboksen bliuwt wol beholden yn 'e sideskiednis en as jo in oplossing betocht hawwe, kinne jo it spul wer nei de nije ynfoboksen weromsette. Wat de ynfoboksen yn Noarwegen oangiet, dat binne siden dy't jo nij oanmakke hawwe, dat dêr bestiet gjin âlde ynfoboks fan. No binne dat grif ek net de alderdrokst besochte siden fan 'e Wikipedy, dat dat kin as it echt moat wol even in pear wiken sa stean bliuwe, tink... Mar ek dêr sil úteinlik wat oan dien wurde moatte. As jo der echt net útkomme, kinne we jo ynfoboksen dêr ferfange troch oare ynfoboksen, mar dêr sit wol wat wurk yn en dêrom doch ik dat leafst net as jo aansten it probleem oplosse en jo eigen ynfoboksen wer weromsette. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 aug 2018, 21.13 (CEST)