Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Religy: korr
Rigel 271:
 
=== Religy ===
De Feriene Steaten is in [[Sekularisaasje|sekulêrsekulier]] lân, it Earste Amendemint fan de grûnwet makket dúdlik de skieding tusken tsjerke en steat. De autoriteiten meitsje op it mêd fan religy gjin offisjele sifers wrâldkundich. It United States Census Bureau mei dêr sels ek net nei freegje, mar publisearret wol resultaten út oare ûndersiken.
 
Neffens in ûndersyk út 2002 soe it leauwen foar 59 persint fan de Amerikanen in "hiel wichtich diel fan it deistige libben" wêze. Neffens in ûndersyk fan 2007 wie 78,4 persint fan de folwoeksenen [[kristen]]. Binnen it kristendom binne it [[protestantisme]] (51,3 persint fan de totale befolking) en it [[katolisisme]] (23,9 persint) de dominante streamingen. 4,7 fan de befolking hat in oar religy as it kristendom. De grutste net-kristlike religy's wienen it [[joadendom]] (1,7%), [[boedisme]] (0,7%), [[islam]] (0,6%), en it [[hindoeïsme]] (0,4%).<ref>Pew Research Center: [http://religions.pewforum.org/reports Reports: Religious Affiliation]</ref>