Pepyn fan Herstal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
'''PippynPepyn fan Herstal''', ek wol ''PippynPepyn II'' of ''PippynPepyn de Jongere'' ([[Herstal]], sa. [[635]] - [[16 desimber]] [[714]]) wie in [[Karolingen|Karolingyske]] [[hofmeier]]. Hy stiet bekend as in krêftige bestjoerder dy't troch tal fan oermasterings it [[Frankyske ryk]] fierder útwreide hat.
 
== Libben ==
[[File:Clovis III and Pepin of Herstal.png|thumb|Klovis II en PippynPepyn fan Herstal]]
PippynPepyn wie de soan fan [[Ansegisel]] en [[Begga]], en troch syn mem pakesizzer fan van [[PippynPepyn fan Lannen]]. As [[hofmeier]] fan [[Austraasje]], [[Neustrje]] en [[Boergondyske Ryk|Boergonje]] fan [[680]] oant [[714]] krige hy hieltyd mear macht yn it [[Frankyske ryk]]. De [[Merovingen|Merovingyske]] kening [[Teuderik III]] hat noch besocht him út syn funksje te setten, mar soe by Tertry yn [[687]] troch PippynPepyn ferslein wurde, wêrnei't PippynPepyn de feitlike lieder waard fan Austraasje. As krêftige bestjoerder wie PippynPepyn de oare Frankyske keninkriken de baas.
 
=== Houlik en bern ===
Om [[670]] hinne troude PippynPepyn mei [[Plektrudis]] en troch dit houlik kaam it gebiet om de [[Moezel]] hinne yn syn besit. Sy krigen twa soannen dy't beide al dea wienen doe't PippynPepyn op [[16 desimber]] [[714]] ferstoar .
 
Hy hie ek twa soannen by syn maitresse, mar koart foar syn dea hie Plektrudis him oerhelle dy twa út te sluten fan opfolging. Syn pakesizzers wienen dêrtroch legitime opfolgers as hofmeier wurden. Hy waard lykwols dochs opfolge troch [[Karel Martel]], om't Martel de stipe hie fan de bewenners fan Austraasje.
 
Martel bleau noch hofmeier; dy syn soan [[PippynPepyn de Koarte]] waard yn [[751]] kening. Karel Martel wurdt wol sjoen as de earste fan de [[Karolingen]] (ynearsten in partynamme ûnder de Frankyske Boargerkriich), wylst de bern fan Plektrudis as de lêste fan de [[Pippiniden]] beskôge wurde.
 
=== Bern ===
Rigel 22:
 
=== Opfolging ===
Neidat PippynPepyn syn soannen Drogo (708) en Grimoald (714) noch by syn libben ferstoarn wienen makke hy op oantreaun fan Plektrudis syn noch minderjierrige pakesizzer [[Teudobald]], de soan fan Grimoald, ta syn opfolger. Teudoald wie lykwols te jong om it lân al selsstannich regearre te kinnen. Dêrom soe, doe't PippynPepyn op 16 desimber 714, sawat tachtich jier âld, hommels ferstoar yn [[Jupille-sur-Meuse|Jupille]] (tsjintwurdich in part fan de Luikse agglomeraasje yn [[Belgje]]), Plektrudis foarearst it regintskip op har nimme. Harren rjochtmjittige bernsbern roppen harsels yndied ta de wiere opfolgers fan PippynPepyn, en besochten mei help fan Plektrudis de macht as hofmeier fan it paleis te behâlden. Karel Martel, de âlde soan fan syn twadde frou, hie lykwols mei súkses de geunst fan [[Austraasje|Austrasyske]] eallju ferkrigen. Nettsjinsteande de ynspannings fan Plektrudis, dy him in skoft finzen setten liet, slagge Karel der as ienige hofmeier yn ''de facto'' hearsker fan it Frankyske ryk te wurden. Dêroan gie lykwols wol in mear as trije jier duorjende machtstriid foarôf, de saneamde [[Frankyske Boargerkriich]].
 
== PippynPepyn en de Friezen ==
Om-ende-by [[690]] hat PippynPepyn mei in leger tsjin de [[Friezen]] oplutsen en de Fryske kening [[Redbad]] by [[Dorestêd]] ferslein. Nei dy oerwinning waard mei Redbad in fredesferdrach sletten. It súdlike part fan it [[Fryske ryk]], it gebiet besuden de [[Alde Ryn]], kaam doe yn Frankyske hannen. It ferdrach waard besegele mei in houlik tusken [[Theudesinde]], de dochter fan Redbad, en Grimoald, in soan fan PippynPepyn.
 
[[Kategory:Hofmeier]]