Skuzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Wûnseradiel Skuzum.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Skuzum]]
'''Skuzum''' (ek:''Idsegahuizum'') is in doarp yn de gemeente [[Súdwest -Fryslân]], besuden [[Makkum]]. Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente [[Wûnseradiel]]. It terpdoarp hat likernôch 220 ynwenners (2004). Yn it doarpswapen en de flagge stiet in nôtier. Bynamme fan de ynwenners is "beantsjefretters". It Doarpshûs hjit De Treffer, it tsjerkje is fan [[1870]].
 
It wurdt al neamd yn [[1270]] as ''Ytsingahusum'', in iuw letter ferbastere yn ''Idsingahusen''. It wie eartiids allinnich te berikken oer de seedyk. Doe't de [[Makkumer Mar]] drûchlein waard yn 1876-1879 koe men oer de Brekkenwei yn [[Allingawier]] komme.
Rigel 8:
[[Ofbyld:Idsegahuizum - Hervormde Kerk - 2013 -007.JPG|thumb|[[Tsjerke fan Skuzum]]]]
 
It Skûsterfjild is in smel stik grûn efter de seedyk fan [[Gaast]] oant [[Koarnwert]] dy't dellein is troch it [[Fly]]. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrûnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan de jiertelling Skûster terp oanlein. Dit docht bliken út twa amuletten. Ien tichtby de sedyk by [[Piaam]], (twadde iuw nei Kr.), de oare út deselde tiid by Skuzum. Op dizze lêste steane de wurden Terra-Sigillata. De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant de pleats Altena's op de kromming fan de [[Grutte Sylroede]] by Makkum. Ek de lettere mûnen oan de [[Lytse Sylroede]] stienen op it grûngebiet fan Skuzum. Yn it fredesakkoard [[Wilkerren fan Wildinghe]], wêrbydêr't de bwewennersbewenners oanjouwe dat dehja frede en rêst wolle, wurdt Skuzum foar it ears neamd as Idsingahusum.
;Spanjerts
By de gefjochten tusken [[Skieringers]] en Fetkopers[[Fetkeapers]] dogge ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omstreken fan Makkum, wêrûnderdêrûnder dus ek Skuzum, binne lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op de seediken. Om 1580 wurde de Spanjerts ferjage en brekt in rêstiger tiid oan.
;it wetter
It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan Wûnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te ûnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrûnen weihelle, wat wiist op it weiheljen fan grûn foar dykferhegings. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.