Machtergreifung: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 146-1972-026-11, Machtübernahme Hitlers.jpg|thumb|Hitler sprekt fanút finster fan de [[Rykskânselerij]] op 30 jannewaris 1933]]
'''Machtergreifung''' wie in oantsjutting dy't de [[nazys]] brûkten foar harren machtsoername yn [[1933]]. It is in [[Dútsk]] wurdtwurd dat 'machtsoername' betsjut. It komt fan it haadwurd ''Macht'' en it tiidwurd ''ergreifen''. It wurd waard ornaris brûkt, mar wurdt no hast útslutend foar de machtsoername fan de nazys brûkt. Mei dizze ''Machtergreifung'' makke Hitler winliken in ein oan de [[Weimarrepublyk]]. De Machtsergreifung waard folge troch de ''[[Gleichschaltung]]''.<br/>
 
Nei't [[Adolf Hitler]] op [[30 jannewaris]] [[1933]] ta [[Rykskânselier]] beneamd waard, waard der in lytse moanne letter it [[Ryksdeigebou]] yn [[Berlyn]] yn brân stutsen. De [[Nederlân]]ske [[kommunist]] [[Marinus van der Lubbe]] waard fan dy [[Ryksdeibrân]] beskuldige, oppakt, en feroardield. Hitler brûkte de brân en fergrutsje syn macht. Hy helle [[Rykspresidint]] [[Paul von Hindenburg]] oer en jou de plysje mear foech mei in feroardering. De plysje pakte kommunisten en oare fijannen fan de nazys op. In soad waarden fermoarde of nei [[konsintraasjekampen]] stjoerd. Ek yn dy tiid besochten de nazys mei in propagandakampanje foar de ferkiezings fan de [[Ryksdei (Dútslân)|Ryksdei]] yn maart 1933 in nasjonale ienheidsgefoel te skepenskeppen. Nettsjinsteande alle [[propaganda]] en útskeakeling fan politike fijannen, wûn de [[NSDAP]] fan Hitler net de absolute mearderheid. Hja wûnen mei krapoan 44 prosint fan de stimmen. Hitler woe alle macht yn hannnen krije, dus kaam er mei in útstel ta wiziging ([[Machtigingswet (1933)|Machtigingswet]]) fan de grûnwet op [[23 maart]] 1933. DitDat slagge Hitler mei stipe fan de [[Konservatisme|konservative]] [[Dútsk Nasjonale Folkspartij|DNVP]] en de katolike [[Dútske Sintrumpartij|Sintrumpartij]]. Mei de grûnwetswiziging krige Hitler en syn regear it foech om fjouwer jier lang bûten de Ryksdei om te regearjen en wetten te meitsjen. Dizze machtsoername troch Hitler wurdt oantsjutten as ''Machtergreifung''.
 
==Sjoch ek==