Marijetsjerke (Bears): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Marijetsjerke'' | ôfbylding = Bears, Marijetsjerke 1.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst...
 
L Nochris protestantsk en xxe-iuw
Rigel 38:
[[File:Bears, Marijetsjerke, stien boppe portaal.jpg|thumb|left|200px|''Stien boppe portaal'']]
[[File:Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 137 - Bears - 20417151 - RCE.jpg|thumb|left|200px|''Oargel'']]
De tsjerke rekke yn de jierren 1960 yn ferfal nei't it gebou net mear troch de herfoarme gemeente brûkt waard. Yn 1975 waard it gebou oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, dy't de tsjerke begjin jierren 1980 restaurearje liet. De 19e -iuwske ommitseling fan it skip en it koer waard ferwidere en ferfongen troch in nije ommitseling yn âlde giele en reade bakstien. Oan de noarlike kant waarden ek in pear steunbearen ferwidere.
 
De súdlike tagong yn it tsjerkeskip is tichset. De noardelijke tagong hat boppe de doar in reliëf fan in monsterkop. Yn it noardlike diel fan it koer bleau in diels tichtset raam mei trasearing bewarre.
Rigel 44:
Yn de tsjerke is in besikerssintrum fan [[Uniastate (Bears)|Uniastate]] ûnderbrocht.
== Ynterieur ==
De tsjerke hat foar in protestanskeprotestantske tsjerke in ryk ynterieur. It 18e -iuwske meubilêr bleau hast hielendal bewarre. De preekstoel stiet op it tradisjonele plak yn de dooptún oan de súdlike muorre en besit ryk fykwurk. Se is yn 1759 makke troch Eilardus Swalue út Ljouwert en fersierd mei allegoryske figuren. Op de kânsel leit in bibel út 1660. Ek de lambrisearinglambrisearring en de banken binne 18e iuwsk. De oerkape hearebank foar de preekstoel oer wie foar de famylje fan Aylva. De fersierings der fan binne yn de [[Frânske tiid]] fuorthelle. Ek de Aylvawapens oan it oargel en de preekstoel binne doe ferwidere.
 
By de restauraasje fan de jierren 1980 is de houten flier ferwidere en kamen de sarken wer oan it ljocht. De sark fan sânstien is fan in preestergrêf út 1546. Under de sark fan Meijnsma is in grêfkelder oanwêzich.