Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
+ stikje oer brân
Rigel 23:
 
Belangrike plakken oan de rânen fan it park binne de doarpen [[Appelskea]] yn Súdeast-Fryslân en [[Doldersum]], [[Diever]], [[Hoogersmilde]], [[Wapse]] en [[Vledder (doarp)|Vledder]] yn Drinte.
 
==Skiednis==
It Drintsk-Fryske Wâld krige yn [[2000]] de status fan [[nasjonaal park]].
 
Op [[7 augustus]], yn 'e koarkdrûge [[simmer]] fan [[2018]], wie der in grutte [[natoerbrân]] yn it [[Drinte|Drintske]] diel fan it park, wêrby't 75&nbsp;[[hektare|ha]] [[fean]]lânskip yn 'e jiske lein waard. [[Brânwacht]]korpsen út [[Drinte]], [[Fryslân]] en [[Grinslân]] kamen mei sechstjin [[tankautospuit]]en en acht [[tankauto|wettertankauto's]] yn aksje. [[Boer]]en út 'e omkriten fierden ekstra bluswetter oan yn [[jarretank]]s efter de [[trekker (lânbou)|trekker]]. De [[Keninklike Lânmacht]] sette in [[Boeing CH-47 Chinook|Chinook]]-[[helikopter]] yn. [[Wei|Wegen]] en [[fytspaad|fytspaden]] nei it gebiet fan 'e brân waarden troch de [[plysje]] ôfsletten, en fiif [[camping]]s yn 'e omkriten waarden út foarsoarch [[evakuaasje|ûntromme]]. Om 18.00&nbsp;[[oere]] hie de brânwacht de [[brân]] ûnder kontrôle en koe it [[neiblussen]] begjinne. Yn totaal gie der 15.000&nbsp;[[liter]] bluswetter trochhinne.<ref>{{Aut|Schutte, Roy}}, {{Aut|Winkel, Renate}}, en {{Aut|Sinnema, Leonie}}, ''Natuur Drents-Friese Wold verwoest na grote brand'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 8 augustus 2018, s. 1.</ref><ref>{{Aut|Schutte, Roy}} en {{Aut|Sinnema, Leonie}}, ''Evacuatie bij brand soepel verlopen'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 8 augustus 2018, s. 2.</ref> Brânwacht en plysje hiene twa dagen nei de brân gjin oanwizings dat der sprake west hie fan [[brânstifting]].<ref>——, ''Team van specialisten onderzoekt brand'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 9 augustus 2018, s. 1.</ref>
 
== Lânskip ==
Line 84 ⟶ 89:
* [http://www.drentsfriesewoud.nl/ Fakânsje yn en om it Drintsk-Fryske Wâld]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
{{commonscat|Drents-Friese Wold}}
}}
{{Koördinaten|52_54_35_N_6_16_50_E_type:city_scale:218000_region:NL|52° 55' NB, 6° 17' EL}}