Alden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
No edit summary
Rigel 1:
De '''âlden''', '''âldelju''' of '''âlders''' (meastal wurdt de [[meartal]]sfoarm oanholden) binne de primêre fersoargers fan ien of mear [[bern (persoan)|bern]]. In [[man (sekse)|manlike]] âlder hjit in [[heit]], en in [[frou]]like âlder hjit in [[mem]]. [[TradisjeTradysje|Tradisjoneel]] foarmje in heit, in mem en ien of mear bern in [[famylje (besibskip)|famylje-ienheid]] dy't it [[gesin]] neamd wurdt, en dy't faak beskôge wurdt as de basisienheid fan 'e [[minske|minsklike]] [[maatskippij]]. De [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] tusken âlden en har bern wurdt oantsjut as it '''âlderskip''', en it byhearrende [[eigenskipswurd]] is '''âlder-''', '''âlderlik''' of '''parintaal'''.
 
Yn 'e Westerske wrâld binne sûnt de [[1960]]-er jierren stadichoan alternative gearstellings fan gesinnen opkommen, benammen nei't yn in grut tal [[lân|lannen]] it [[homohoulik]] ynfierd is. Sadwaande binne tsjintwurdich gesinnen mei twa heiten en gjin mem of mei twa memmen mar gjin heit frij normaal. Itselde jildt foar [[brutsen gesin]]nen, wêrby't de bern nei de [[skieding (houlik)|skieding]] fan 'e âlden [[opfieding|grutbrocht]] wurde troch inkeld de heit of (faker) de mem. Gauris drage yn sokke sitewaasjes beide âlden dochs noch (foar in diel) by oan 'e [[opfieding]] fan 'e bern, mar as dat ôfwikseljend dien wurdt of as ien fan 'e âlden dêr alhiel net mear by belutsen is, bygelyks fanwegen [[ferstjerren]], ûnwil of om't hy of sy dêrta ûngeskikt achte wurdt, ferwiist men nei de oerbleaune âlder as in [[allinnichsteande âlder]].