Prinsbisdom Utert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Red., nea lins
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sticht-Oversticht Utrecht.png|right|340px|It gebiet fan it prinsbisdom Utert]]
It '''Prinsbisdom Utert''' (ek wol bekend as '''It Sticht''') wie it territoarium wêroerdêr't de [[Biskoppen fan Utert]] yn de [[Midsiuwen]] as [[foarst]] de [[lânshearlikheid]] útoefenen. In [[sticht]] wie in gebiet wêrdêr't de [[abt]] of [[biskop]] oer regearderegearre.
 
Utert wie fan [[1024]] oant [[1528]] in foarstendom binnenyn it [[Hillige Roomske Ryk]]. Dat wol sizze dat de biskop as ryksfoarst en greve ek hearlike rjochten hie en dus ek wrâldlike macht besiet. Hy reageardereagearre oer:
 
* it [[Nedersticht]], dat oerienkaam mei de nodeistigehjoeddeiske provinsje Utert.
* it [[Oersticht]], dat de tsjintwurdige provinsjes [[Oerisel]] en [[Drinte]] en [[Grinslân]] omfette.
 
== Skiednis ==
De earste biskop fan Utert wie de hillige [[Willibrord]] sûnt [[703]]. Hy wie ek de [[aartsbiskop]] fan de [[Friezen]].
 
[[Karel de Grutte]] re-organisearre yn de [[9e iuw]] de tsjerklike yndieling fan de Nederlannen. Tusken dy tiid en [[1559]] hearde alles boppe grutte rivieren en Seelan ta it bisdom Utert. Utsein de gebieten om Grinslân en eastlik Gelderlân dy't by it [[bisdom Münster]] en it Bisdom OsnabruckOsnabrück hearden. It bisdom sels wie yndield by it aartsbisdom Keulen. DeIt biskopbisdom wie dus in [[suffragaanbisdom]] fan Keulen.
Los fan de tsjerklike hearrigens wie de prinsbiskop in ûnôfhinklik ryksfoarst.
 
De biskoppen fan Utert krigen harren lânshearlikheden tusken de [[11e iuw]] en de [[13e iuw]].
De opfolgers fan Karel de Grutte skonken grutte dielen fan it ryk oan de tsjerklike foarsten om sa in tsjinwicht te foarmjen tsjin harren machtige [[Lienhear|lienhearen]]. By it [[Konkordaat fan Worms]] yn [[1122]] ferliende de keizer it rjocht om biskoppen en abten te beneamen. Dy taak kaam yn hannen fan de geastlikheid sels. In kandidaat foar in lege biskopssit moast faak kostbere beloften dwaan om keazen te wurden. Dêrtroch ferswakke de posysje fan de biskop tayn it geunstefoardiel fan de eallju.
 
== De groei fan it bisdom ==
In oersjoch fan skinkingen fan guodgoed en rjochten:
 
* Utert en Fechten (yn [[723]] befêstige)
Rigel 30:
* Biskop [[Adelbold II]] waard yn [[1024]] greve fan [[Greefskip Drinte|Drinte]] en lei dêrmei de basis fan it Sticht.
* Biskop Adelbold II krige yn [[1026]] greeflike rjochten yn [[Teisterbant]]
* Yn [[1040]] skonk Keizer Hindrik III in yn it [[Greefskip DrintDrinte]] lizzend lângoed "Cruoninga". De dêr ûntstiene stêd [[Grins (stêd)|Grins]] waard troch in fan de biskop oanstelde prefekt bestjoerd.
* Biskop Bernold waard greve oan de easthoeke fan de [[Sudersee]] yn [[1042]] en greve fan [[Greefskip Hamalant|Hamalant]] yn [[1046]].
* Biskop [[Willem I fan Utert]] waard Greve fan [[Greefskip West-Fryslân]] yn [[1064]].
* Biskop [[Koenraad fan Swaben]] waard greve fan [[Greefskip Starum]] yn [[1077]], greve fan de [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] yn [[1086]] en greve fan it [[Iselgoa]] yn [[1086]].<br>
De [[biskoppen fan Utert]] lieten harren goederen beheare troch fâden en liengreven.