Imhotep: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Imhotep-Louvre.JPG|thumb|right|250px|Imhotep]]
'''Imhotep''' ([[fl.]] [[2650 f.Kr.|2650]]-[[2600 f.Kr.]]) wie [[fizier]] fan [[farao Djoser]], de twadde farao fan de [[tredde dynasty]] fan it [[Alde Keninkryk]] yn it [[Alde Egypte]]. Neist fizier wie hy ek [[arsjitekt]], skriuwer fan medyske wurdenwurken, hegepryster fan [[Ptah]] en [[Ra]] en hy wie riedsman fan de farao.
 
== Imhotep de man ==
Imhotep is it meast ferneamd as fizier fan farao Djoser. Hy hat it ûntwerp fan de [[Piramide fan Djozer|treppepiramide fan Djozer]] betocht. In grut kompleks mei dêryn allegear ferskillende religieuze en keninklike bouwurken en dat foar it earst yn stien. Imhotep is berne yn in gewoane boargersfamylje, mar troch syn yntelliginsje koe er hegerop komme. Hy tsjinne ûnder oare as hegepryster fan de god Ptah. Neffens in myte, dy't jierren letter nei syn dea optocht is, soe hy de soan wêze fan de god Ptah mei in minsklike frou as mem. Yn guon fermiddens wurdt Imhotep beskôge as it earste sjeny yn de wrâld wer't in beskriuwing fan is.
 
De tombe fan Imhotep is noch net fûn, mar der wurdt fanút gien dat grêf nummer 3.518 by [[saqqaraSakkara]] mooglik fan him is.
 
== Imhotep as god ==
Imhotep is ek nei syn dea ferneamd en syn rom stigewaard mygrutter ityn ferrinnenferrin fan de iuwen. Nei twatûzen jier waard hyer ta in god ferklearre. Hy soe in soan wêze fan de god Ptah. Imhotep waard de [[skutspatroan]] fan de genêskunde, de hegere kennis en it skriuwen. Fanwege syn kennis fan de genêskunde waard hy troch de Griken fergelike mei de god [[Asklepios]]. Omdat hy ek ferbûn wie mei it skriuwen waard hy ek wol ôfbylde mei de god Thoth.
 
Op ôfbylden is Imhotep in gewoane man, mei in muldoek en in bleat boppelichem. Hy wurdt ôfbyld mei keale holle of in plassekape en hat de tekenen fan de god by him.