The Feelies: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] better
Rigel 2:
'''The Feelies''' is in Amerikaanske [[rock]]band, dy't bestiet út [[Glenn Mercer]], [[Bill Million]], Dave Weckerman, Keith DeNunzio (ek wol Keith Clayton), [[Anton Fier|Anton "Andy" Fier]], Brenda Sauter, [[Stanley Demeski]], Vinny DeNunzio en John J. Yn [[1976]] kamen sy foar it earst by elkoar en yn 1992 gongen sy út elkoar, nei 4 [[Langspylplaat|langspylplaten]] útbrocht te hawwen. Yn 2008 kamen de bandleden opnij by elkoar. Se ûnderskieden har fan in protte oare punk- en new wave-bands út dy tiid trochdat hja in soad mei [[soundscape]] wurken.
 
The Feelies spilen geregeld yn de muzykklup ''Maxwell's'' yn [[Hoboken (Nij-Jersey)|Hoboken]]. Har albums binne nea yn grutte tallen ferkocht, mar dochs hat har muzyk wol dúdlik ynfloed hân op oare bands as bygelyks [[R.E.M.]], dy't seinen troch it earste album ''Crazy Rhythms'' ([[Stiff Records]]) út 1980 hiel bot ynspirearre west te hawwen<ref name="allmusic.com">http://www.allmusic.com/artist/the-feelies-p4243 {{noat|Ingelsk}}</ref>. Ek [[Rick Moody]], skriuwer fan ûnder oaren [[Garden State (roman)|Garden State]], neamt de band as ien fan syn ynspiraasjeboarnen<ref>http://www.pastemagazine.com/articles/2008/03/the-feelies-plan-reunion-shows.html {{noat|Ingelsk}}</ref>. The Feelies sels wienen fral wer beynfloede troch [[the Stooges]], [[The Velvet Underground]] en [[Lou Reed]]<ref>http://www.nytimes.com/2008/07/03/arts/03iht-feelies.1.14161113.html?_r=1 {{noat|Ingelsk}}</ref>.
 
De namme The Feelies is ôflaat fan in fiktive foarm fan fermaak út it boek ''[[Brave New World]]'' fan [[Aldous Huxley]]<ref name="allmusic.com"/>.