Ferskil tusken ferzjes fan "West"

25 bytes grutter ,  1 jier lyn
L
Nedich kopke
L (Nedich kopke)
 
It westen is it tsjinstelde fan it [[easten]]. It is de rjochting dêr't de [[sinne]] liket [[sinne-ûndergong|ûnder te gean]]. Yn 'e [[astronomy]] is it westen definiëarre as de rjochting dêr't in [[himellichem]] yn syn omrin nei ta draait. Op in [[lânkaart]] wurdt it westen [[tradysje|tradisjoneel]] as de lofterkant beskôge, sadat men it noarden boppe hat en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it westen as men it oer it [[westlik healrûn]] hat.
 
== Oare betsjuttingen ==
[[West-Skylge|West]] is ek de pleatslike [[Skylgersk]]e [[namme]] fan it [[doarp]] [[West-Skylge]]. Yn 'e [[koloanje|koloniale tiid]] spriek men fierders ek wol fan 'de West' as men [[West-Ynje]] bedoelde. Yn ynternasjonaal ferbân wurdt mei 'it Westen' de [[Westerske wrâld]] bedoeld; binnen [[Nederlân]] ferwiist 'it Westen' lykwols nei de [[Rânestêd]]. It [[Wylde Westen]] is in oantsjutting foar rûchwei de westlike helte fan 'e [[Feriene Steaten]] yn it tiidrek tusken [[1850]] en [[1900]].
 
80.324

bewurkings