Aldgisl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
 
==Skiednis==
Aldgillis hie syn machtsbasis yn it sintraal rivieregebiet yn de tsjinwurdige provinsjes [[Hollân]] en [[Utert (provinsje)|Utert]]. Hy residearre yn in ''palacium'' wierskynlik yn [[Utert (stêd)|Utert]] of [[Dorestêd]] en neffens guon wittenskippers hearske hy oer in gebiet dat him útstrekte fan it [[It Swin (Brugge)|Swin]] (by [[Brugge]]) oant de [[Weser]] ta rûn. De gebiedsútwreidingen fan it Fryske folk nei it suden ta om [[650]] hinne wurde op syn konto skreaun.
 
Under syn regear hienen de Friezen te krijen mei it machtige [[Frankyske ryk]] en krigen se it oan 'e stok mei [[Ebroin]], de [[Franken|Frankyske]] hofmeier fan kening [[Teuderik III]]. Dêrby wie it behearskjen fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde.