Otter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 16:
De otter is lânseigen yn hast hiele [[Jeropa]], útsein [[Yslân]], de eilannen yn 'e [[Middellânske See]], it uterste noarden fan [[Ruslân]], de Súdrussyske [[Koeban (regio)|Koeban]] en it súdlike part fan 'e [[Oekraïne]]. Yn [[West-Jeropa]] is it mei de otter sûnt [[1900]] lykwols hurd efterút gien en op in soad plakken, wêrûnder hiele [[Nederlân]], is er útstoarn (al is er sûnt wer op 'e nij útset). Noch hiel algemien is de otter yn [[Ierlân]], [[Noard-Ierlân]], [[Skotlân]], [[Noarwegen]], [[Portegal]] en dielen fan [[Frankryk]], [[Ingelân]], [[Denemark]], [[Sweden]], [[Finlân]], [[Tsjechje]] en [[Slowakije]], wylst yn it [[Dútslân|Dútsk]]-[[Poalen|Poalske]] grinsgebiet noch in restpopulaasje bestiet.
 
Bûten Jeropa komt de otter ek foar yn it [[Atlasberchtme]] fan [[Noard-Afrika]], [[Lyts-Aazje]], de [[Kaukasus]] en de súdlike helte fan [[Sibearje]] en oangrinzgjende dielen fan [[Kazachstan]], [[Mongoalje]] en [[Mantsjoerije]]; fierders yn grutte parten fan [[Iran|Iraan]], [[Afganistan]] en [[Sintraal-Aazje]], yn 'e legere dellingen fan 'e [[Himalaya]], de [[Yndia|Súdyndiaaske]] dielsteat [[Tamil Nadû]] en op [[Sry Lanka]]; yn súdeastlik [[Sina]], dielen fan it fêstelân fan [[Súdeast-Aazje]], hiele [[Koreä]], en op [[Taiwan]] en [[Sumatra]]. De [[Japanese rivierotter]] (''Lutra lutra whiteleyi''), dy't foarhinne op it [[Japan]]ske eilân [[Sjikokû]] enfoarkaam, opwie in [[Taiwanûndersoarte]] enfan 'e (gewoane) otter, dy't lykwols yn [[Sumatra2012]] offisjeel foar [[útstjerren|útstoarn]] ferklearre waard.
 
== Uterlike skaaimerken ==