Ottoanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
Rigel 1:
[[Ofbyld:StammtafelOttonen0002.jpg|250px|thumb|Stambeam fan de Liudolfingen (Ottoanen)]]
De '''Ottoanen''', ek wol it ''Liudolfingyske Hûs'' of it ''Saksyske Hûs'' neamd, wie in slachte dêr't in tal [[Midsiuwen|Midsiuwske]] Dútske hearskers út weikamen.
 
==Eftergrûn==
De namme ''Ottoanen'' ferwiist nei de keizers [[Otto I fan it Hillige Roomske Ryk|Otto I]], [[Otto II fan it Hillige Roomske Ryk|Otto II]] en [[Otto III fan it Hillige Roomske Ryk|Otto III]]. Hja begûnen mei in machtich Dútsk keizerryk, dêr't al begûn wieûnder kening [[Koenraad I fan Franken]]. Hy stelde de [[Stamhartochdom Saksen|Saksyske]] hartoch [[Hindrik de Fûgelder]] as syn opfolger oan. Hindrik wie de soan fan hartoch [[Otto I fan Saksen]] en in pakesizzer fan Liudolf (dêr't de namme ''Liudolfingen'' wei komt). Yn [[919]] waard Hindrik as Dútske kening keazen. Ien fan syn wichtichste opjeften wie it ryk tsjin de oanfallende [[Hongarije|Magyaren]] te ferdigenjen. Hy fersloech harren yn [[933]] allyksa ûnderwurp de [[Slavyske folken|Slaven]] beëasten de [[Elbe]] en de [[Bohemen]]. Hy stabilisearre en bewarre de ienheid fan it ryk. <br/>
Syn soan Otto folge him yn [[936]] op as kening fan Dútslân (Hindrik syn oare soan waard hartoch fan Saksen) en waard ferneamd as [[Otto I de Grutte|Otto de Grutte]]. Yn [[955]] fersloech hy de Magyaren foargoed yn de [[Slach op it Lechfjild]] en kaam in ein oan de bedrigings oan de súdeast grins. Yn [[962]] waard Otto troch [[paus Johannes XII]] ta keizer kroane. Mei syn regear begjint ek de saneamde [[Ottoanske Renêssânse]].<br/>
Syn soan Otto II boaske mei de Byzantynske prinsesse [[Theophanu]]. Yn [[973]] waard Otto II ta Dútske kening en keizer kroane. Doe't er yn [[983]] ferstoar wie syn soan Otto III noch minderjierrich, dêr't de keizerinne regentes waard. Otto III stoar lykwols jong en hie gjin bern. It keningskip gie doe nei syn neef [[Hindrik II de Hillige|Hindrik II]], sa't der noch hieltyd in Liudolfinger kening wêze koe. Yn [[1024]] ferstoar Hindrik sûnder dat er soannen hie, sa't de Ottoanske dynasty útstoar en de kroan oergie nei de [[Saaljers|Salyske]] dynasty.
[[Liutgard fan Saksen|Liutgarde]] wie in dochter fan keizer Otto I en wie troud mei de Salyske hartoch [[Koenraad de Reade]] fan Loataringen. Syn oerpakesizzer wie keizer [[Koenraad II fan it Hillige Roomske Ryk|Koenraad II]]
 
== Hearskers ==
Line 12 ⟶ 19:
* [[Bruno fan Saksen]], hartoch fan East-Saksen, ferstoarn yn 880
* [[Bruno de Grutte]], aartsbiskop fan [[Keulen]] en hartoch fan [[Hartochdom Loataringen|Loataringen]], ferstoarn yn 965
* [[Gerberga fan Saksen]], hartochinnehartoginne fan Loataringen en keninginne fan [[West-Frânsje]], ferstoarn yn 969
* [[Hathumod fan Brunhausen]]
* [[Hedwich fan Saksen]], hartoginne fan West-Frânsjede Franken, ferstoarn yn 959
* [[Hindrik I fan Beieren]], hartoch fan [[Hartochdom Beieren|Beieren]], ferstoarn yn 955
* [[Hindrik II fan Beieren]], hartoch fan Beieren, ferstoarn yn 995