Mar fan Tibearias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
It lân
Rigel 14:
| Wetterfolume = 4 km³
}}
De '''Mar fan Tiberias''' ([[Hebriuwsk]]: ים כנרת - '''Mar fan Kinneret'''), ek faak '''Mar fan Galilea''' of '''Mar fan Genezareth''' (of '''Gennesaret'''), is in mar yn [[Israel]] neamd nei de stêd [[Tiberias]], it grutste plak oan de mar. De mar hat in oerflakte fan 165 km² en in maksimale djipte fan 46 meter. De hichte fan de wetterspegel hinget ôf fan de delslach yn eardere jierren, trochstrings sit de wetterspegel op de -212 meter.
 
De Mar fan Tiberias, it meast wichtige swietwetteropslach fan Israel, kriget syn wetter út Noard-[[Israel]] en Súd-[[Libanon]]. De mar wetteret ôf nei it suden op de rivier de [[Jordaan]], dy't mûnet yn de [[Deade See]], de meast leechlizzende mar fan de wrâld.