Ferskil tusken ferzjes fan "Fagina"

2 bytes grutter ,  2 jier lyn
(→‎Seksualiteit: Stikje foarljochting)
As in frou rjochop stiet, stiet de faginale buis yn in nei efteren omheechsteande posysje en foarmet in hoeke fan efkes mear as 90 graden mei de [[liifmoer]] (''uterus'').
 
Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, [[faginale ôfskieding]] (at dy abnormaal hjit dat ''[[fluor faginalis]]''). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (''cervix''), en ôfstjitten epiteel fan de fagina. De fagina[[sel]]len befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta [[molksoer]] (''laktaat'') troch de [[Lactobacillus]]. Dy [[baktearje]] heart hjir thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de [[soergraad]] fan de fagina leech bliuwt. Dat soarget dêrfoar, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen, dy't [[ynfeksje]]s yn de liifmoer en de [[liifsholte]] jaan kinne, nei boppe ta gean kinne. De ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol ''fluor albus'', 'wite ôfskieding' of [[wite floed]]. Hoefolle der is hinget ôf fan de [[syklus]]. Healwei de syklus, om de [[aaisprong]] (ovulaasje) hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf.
Ôfskieding kin ek tanimme by [[seksuele opwining]]. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet [[kongestje]] fan [[bloed]] en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (''transudaasje''). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch de [[klieren fan Bartholin]] by de fagina-iepening.
 
82.378

bewurkings