Hermann von der Dunk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 aug 2018 om 19.10

Hermann Walther von der Dunk (Bonn, 9 oktober 1928 - Bilthoven, 22 augustus 2018) wie in Nederlânsk historikus fan Dútsk komôf mei in soad ynfloed. Hy wie fan 1967 oant 1990 heechlearaar hjoeddeiske skiednis oan de Ryksuniversiteit Utert.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Hermann von der Dunk
Von der Dunk yn 2008
Von der Dunk yn 2008
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 oktober 1928
berteplak Bonn
stoarn 22 augustus 2018
stjerplak Bilthoven
wurkpaad
berop/amt Skiedkundige, gewoan heechlearaar
prizen Goethe-Medalje 1995

Libben en wurk

Von der Dunk wie in soan fan Heinrich M. von der Dunk en Ilse Loeb. De famylje Von der Dunk flechte yn 1937 út nazy-Dútslân wei. Von der Dunk sr. koe dêr gjin wurk mear krije, om't er troud wie mei in Joadske frou. Yn Nederlân krige er in baan as learaar oan de Werkplaats Kindergemeenschap yn Bilthoven, de skoalle fan de ûnderwiisfernijer Kees Boeke. Hermann von der Dunk gong ek nei dizze skoalle, dêr't keunst en nifelûnderwiis gelyk wurdearre waard mei taal en rekkenjen. Hy helle it diploma gymnasium-α oan It Nije Lyseum yn datselde plak. Nettsjinsteande de grutte niget oan muzyk, gong er skiednis studearjen by de ferneamde histoarikus Pieter Geijl.

Nei syn ôfstudearjen die er promoasjeûndersyk oan it Institut für Europäische Geschichte yn Mainz. Tuskentroch wurke er as dosint oan De Werkplaats. Yn 1966 promovearre er yn Utert mei de dissertaasje Der Deutsche Vormärz und Belgien, 1830-1848. In jier letter waard er beneamd ta heechlearaar oan dy universiteit yn de skiednis fan nei 1870. Yn 1990 gie er mei betiid emeritaat.

Nei syn emeritaat waard er as publisist noch produktiver as derfoar. Von der Dunk skreau njonken in stikmannich monografyen, bydragen oan dei- en wykblêden, nasjonale en ynternasjonale wittenskiplike tydskriften, ensyklopedyen, hânboeken, it Nasjonaal Biografysk Wurdboek en essays, dêr't in oantal fan yn bondels werprinte is. In ûndersyk yn opdracht fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen dat ûnder syn namme ferskynde is Bevindingen over P.J. Meertens, basearre op literatuer en rieplachte boarnen. Yn 1995 krige hy de Goethe Medaille fan it Dútske Goethe Ynstitút. Yn 2006 ferskynde it rapport fan de Kommisje fan Trije, in ûndersykskommisje nei de opstelling fan Meertens yn de oarlochsjierren dêr't Von der Dunk foarsitter fan wie.

Bibliografy

  • Kleio heeft duizend ogen. Over historie en historici, Assen: Van Gorcum & Comp., 1974
  • Conservatisme, Bussum: Unieboek/Fibula - Van Dishoeck, 1976
  • De organisatie van het verleden. Over grenzen en mogelijkheden van historische kennis, Bussum: Van Holkema & Warendorf, 1982
  • Voorbij de verboden drempel. De Shoah in ons geschiedbeeld, Amsterdam: Prometheus, 1990; vijfde, licht gewijzigde druk 1999.
  • Sprekend over identiteit en geschiedenis, Utert/Amsterdam: Teleac/Prometheus, 1992
  • Twee buren, twee culturen, Amsterdam: Prometheus, 1994
  • Elke tijd is overgangstijd; opstellen over onze omgang met de geschiedenis, Amsterdam: Prometheus, 1996
  • De verdwijnende hemel. Over de cultuur van Europa in de twintigste eeuw, 2 dielen, Amsterdam: Meulenhoff, 2000
  • Mensen, machten, mogelijkheden: historische beschouwingen, 2002, nominearre foar de Jan Hanlo Essaypriis 2003
  • Cultuurgeschiedenis van Europa. Een hoorcollege Europese cultuur van de 20e eeuw. De Haach: Home Academy Publishers, 2004 (audio-cd)
  • In het huis van de herinnering. Een cultuurhistorische verkenning. Amsterdam: Bert Bakker, 2007
  • Op schuivende planken; Nederlandse perikelen in het licht van zijn verleden. Amsterdam: Bert Bakker, 2007
  • Terugblik bij strijklicht. Jeugdherinneringen. Amsterdam: Bert Bakker, 2008
  • De glimlachende sfinx. Kernvragen in de geschiedenis. Amsterdam: Bert Bakker, 2011
  • Voordat de voegen kraakten. Student in de jaren vijftig. Amsterdam: Prometheus•Bert Bakker, 2013
  • De wereld als getal. En andere broze zekerheden. Amsterdam: Bert Bakker, 2016.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: