Elske Schotanus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
== Proaza ==
Yn [[2004]] ferskynde de ferhalebondel '''''It griisstiennen wurd''''', de bondel waard nominearre foar de [[Fedde Schurerpriis]] 2005.
''De goed tweintich ferhalen yn It griisstiennen wurd litte in grut ferskaat fan minsken en situaasjes sjen. Der is ek in grut ferskil yn soarten ferhalen. Der binne realistyske en fantastyske, mysterieuze en surrealistyske ferhalen. Guodden skaaie út nei science-fiction, oaren binne hast poëtysk. Mar wat it meastepart fan dizze ferhalen bynt, is it trochbrekken fan ’e grinzen fan de werklikheid. In man en in frou sille op besite. Sy riidt, hy wiist it paad. Underweis begjint it te snijen. Se komme oan, hy stapt út, sy slút de auto ôf en rint efter him oan. Ynienien hâlde syn fuotleasten yn ’e snie op: hy is der net mear. Yn in oar ferhaal fynt in frou in poppe tusken de rommel yn de hal fan ’e flat. Ut begrutsjen nimt se it berntsje mei. It is har eigen, mar dat witten kin se net oan. De werklikheid gliidt súntsjes fuort yn it mysterieuze of teart om yn it surrealistyske. Mar de werklikheid kin ek sa presys yn al syn details beskreaun wurde, dat ús deistich dwaan en litten absurd liket, lykas yn it ferhaal oer de gong fan in wurkleaze nei in bemiddelingsburo. Us werklikheid is in feilich honk dat wy oanklaaie mei feiten, regels en wissichheden. Dizze ferhalen litte sjen dat dat feilige honk in yllúzje is. De werklikheid is in skyltsje iis oer it wetter fan it ûnwisse.''
 
Yn [[2007]] ferskynt '''''Skrik'''''.
Yn [[2007]] ferskynt '''''Skrik''''', ynYn dizze ynkringende [[roman]] krûpt de lêzer yn de holle fan Elke, in psychiatryske pasjinte dy’t nei in psychoaze opnommen wurdt yn in ynrjochting. Hoewol’t Elke har kwaal somtiden wit te oerwinnen en de ynrjochting tydlik ferlitte ferlit, rint it úteinlik net goed mei har ôf. 'Jo wolle it boek soms graach eefkes fansiden lizze, mar dochs lêze je fassinearre troch.’''
 
<gallery>