Otto I fan Saksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Otto I fan Saksen '''Otto''' (om 830/840 hinne - 30 novimber 912), letter troch skriuwers de '''Ferljochte''' neamd, wie in...
 
Rigel 4:
==Famylje==
Otto wie in jongere soan fan de Saksyske greve [[Liudolf fan Saksen|Liudolf]] (ferstoarn yn [[866]]), de stifter fan de dynasty, en syn frou Oda, dochter fan de Saksyske ''princeps'' [[Billungers|Billung]]. Syn âldste broer wie [[Bruno fan Saksen|Bruno]], dy't de erfgenaam wie fan syn heit syn eigendommen. Syn suster wie [[Liutgarde fan Saksen|Liutgarde]], dy't yn [[876]] keninginne fan [[East-Frânsje]] waard, om't hja boaske mei de [[Karolingen|Karolingyske]] kening [[Loadewyk de Jongere]]. Dat houlik tsjutte de macht fan Liudolf oan yn it Saksyske gebiet.<br/>
Om [[873]] hinne boaske Otto mei [[Hedwych fan Babenberch]], dochter fan de Frankyske ''princeps militiae'' [[Hindrik fan Babenberch]]. Otto krige mei har twa soannen, Tankmar en Liudolf, dy't al earder as him ferstoaren. Syn tredde soan [[Hindrik de Fûgelder]] folge him op as hartoch fan Saksen en waard letter keazen ta Dútske kening. Otto syn dochter Oda boaske mei de Karolingyske kening [[SwintiboldSwindybold fan Loataringen]], soan fan keizer [[Arnulf fan Karintje]]. Otto syn famylje waard de [[Liudolfingers]], nei syn heit, neamd. Doe't syn pakesizzer [[Otto I de Grutte|Otto de Grutte]] keizer waard, waard syn famylje de [[Ottoanen]] neamd.
 
==Hearskippij==