Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 10:
}}
[[Ofbyld:BalthasarBekker.gif|thumb|''Balthasar Becker'']]
'''Easterlittens''' (''offisjeel [[Frysk]]'') is in doarp yn de gemeente [[LittenseradielLjouwert (gemeente)|Ljouwert]], mei 479 ynwenners ( 1 jannewaris 2007). Easterlittens leit oan de [[Frjentsjerter Feart]] krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de [[Boalserter Feart]], oan de noardkant fan it doarp dêr't eartiids de wetterherberch en it tolhûs Huylckenstein stie. Krekt eastlik fan it doarp rint de [[N384]], dy' nei it noardwesten nei [[Frjentsjer]] giet, en nei it súdeasten nei [[Dearsum (Boarnsterhim)|Dearsum]].
Yn [[1888]] waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk boud dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. De doarpsbewenners hawwe meiinoar soarge dat de skoarstien en it tsjettelhûs as oantinken bewarre bleau. De skoarstien is opknapt en bliuwt in herkenningspunt foar it doarp.
 
Rigel 16:
De see hat fruchtbere kalkhâldende klaailagen ôfsetten yn de omjouwing. Soks wie tige gaadlik foar feehâlderij. Dochs binne der eartiids ek geregeld stikken lân fuortslein toch de see. Om 900 hinne waarden diken oanlein om de Middelsee en waard it feiliger.
Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrune wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e iuw de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn [[1275]], mei de namme ''Lechenghe''. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltyd noch besteande [[buorskip]]pen [[Langwert (buorskip)|Langwert]], [[Wieuwens (buorskip)|Wieuwens]], [[Wammert]] en [[Skrins]] ûntstien. Ta de himrik fan Easterlittens heart fierders it buorskip [[Weakens]].
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Easterlittens part fan de eardere gemeente [[Baarderadiel]]. Op 1 jannewaris gie Esterlittens op yn de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling leit it sûnt 1 jannewaris 2018 yn de gemeente Ljouwert.
 
In bekend man út de skiednis fan Easterlittens is dûmny [[Balthasar Becker|Balthasar Henricuszn Becker]], in dy't yn [[1657]] beroppen waard. Troch syn krewearjen tsjin de hekseferfolging is er yn [[1166]] út it amt set.