Hinnaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
| wapen = Wapen fan Hinnaard.jpg
| lokaasje = Map NL Littenseradiel Hinnaard.png
| gemeentenamme= Littenseradiel[[Súdwest-Fryslân]]
| teljier = 2004
| ynwennertal = 60
| webstee = [http://www.de4doarpen.nl/ Webstek De 4 doarpen mei Itens, Lytsewierrum en Rien]
}}
'''Hinnaard''' is in doarp yn de gemeente [[LittenseradielSúdwest-Fryslân]], east fan [[Wommels]]. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004).
 
Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De [[gritenij]] en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen.Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Hinnaard diel út fan de gemeente [[Hinnaarderadiel]]. Yn 1984 kaam it by de nij foarme gemeente [[Littenseradiel]], sûnt 2018 leit it y de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn de lette Midsiuwen waard yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de [[gritenij]] hâlden. Hinnaard leit mar 500 meter súdlik fan de [[Boalserter Trekfeart]], mar it [[wetterbuertsje]] [[Spyk]] heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie [[Sassingastate]], op it hiem stiet no in buorkerij. Tusken [[Easterein]], [[Hinnaard]], [[Iens]] en [[Wommels]] leit it greidefûgelreservaat [[Skrok]].
 
It is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e iuw. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.