Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
noch net dien
Lebel: Trochferwizing wiske
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Carolingian empire 855.svg|250px|thumb|It Keninkryk Loataringen (pears) en oare Karolingyske keninkriken neffens it Ferdrach fan PrümmPrüm yn 855]]
'''Loataringen''' (Latynsk: ''Lotharii regnum'') wie ien fan de [[Karolingen|Karolingyske]] keninkriken nei it ferpartsjen fan it [[Frankyske Ryk]]. It omfieme de hjoeddeiske gebieten fan [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch]], [[Dútslân]], bewesten de [[Ryn]] en [[Elsas]] en [[Loataringen (Frankryk)|Loataringen]] yn [[Frankryk]]. It wie neamd nei kening [[Lotarius II]] dy't it gebiet krige nei it ferpartsjen fan it keninkryk [[Midden-Frânsje]] fan syn heit [[Lotarius I]] yn [[855]] oan dy syn trije soannen.

Loataringen waard foarme út it yn trijen ferpartsjen fan it keninkryk fan Midden-Frânsje, dy't op syn bart foarme waard mei it ferpartsjen fan it [[Karolingyske Ryk]] yn trijen neffens it [[Ferdrach fan Ferdun]] yn [[843]]. Skelen tusken [[East-Frânsje|East-]] en [[West-Frânsje]] oer Loataringen wie it feit dat it it stamgebiet [[Austraasje]] fan de [[Franken]] omfieme. Dus besit fan dat gebiet wie in wichtige reden foar harren.

==Namme==
Om't Loataringen gjin [[histoarysk]]e en [[etnysk]]e ienheid wie, wiene tiidgenoaten net wis en neam it gebiet. Dus waard it wol ''Regnum quondam Lotharii'' of ''Lotharii regnum'' ("Keninkryk dat fan Lotarius wie " of "Keninkryk fan Lotarius") en syn bewenners ''Lotharii'' (fan Loatarius) of ''Lotharingi'' neamd. De twadde term hie de Germaanske ein ''-ing'', dy't it "sibskip" of it "hearren ta" oantsjutte. Dêroan waard it Latynske ''-ia'', dat in lân oantsjutte, tafoege yn de [[tsiende iuw]]. Lettere [[Frânsk]]e termen ''Lorraine'' en ''Lothier'' wiene dêr wer fan ôflaat.

==Midden-Frânsje==
[[Ofbyld:Middle Francia 843.svg|250px|thumb|Midden-Frânsje yn grien]]
Yn [[817]] makke keizer [[Loadewyk de Fromme]] plannen en ferdiel it [[Karolingyske Ryk]] tusken syn trije soannen nei syn dea. Yn 817 wie it noch net foarsjoen dat der in fjirde erfgenaam wêze soe. Yn [[823]] wie der in fjirde soan, [[Karel de Keale]] berne fan Loadeyk syn twadde frou [[Judit fan Beieren]]. Doe't Loadewyk yn [[833]] besocht en ferdiel it Ryk fannijs yn it foardiel fan Karel, kamen syn trije mearderjierrige soannen [[Lotarius I|Lotarius]], [[Pepyn I fan Akwitaanje|Pepyn]] en [[Loadewyk de Dútser|Loadewyk]] yn ferwar. In boargerkriich fan krapoan tsien jier, mei sa no en dan skommeljende alliânjes en koarte fredesperioaden deryn, bruts út. Pepyn ferstoar yn [[838]] en Loadewyk de Fromme ferstoar yn [[840]]. De trije oerbliuwende bruorren sleaten frede en ferdielen it Ryk yn [[843]] mei it [[Ferdrach fan Verdun]]. Lotarius, dy't de âldste wie, krige de keizerstitel en krige in lange stripe lân fan de [[Noardsee]] oant súdlik [[Itaalje]]. De reden fan dy ferdieling wie dat Lotarius al de kroan fan it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]], dat in ûnderkeninkryk ûnder Loadewyk de Fromme wie, hie. In oare reden wie dat hy as keizer fanút [[Aken]], dat de residinsje fan keizer [[Karel de Grutte]] wie, en [[Rome]], de âlde residinsje fan de [[Romeinske keizers]], regearje soe. Midden-Frânsje (Latynsk: ''Francia media'') omfieme al it gebiet tusken Aken en Rome en waard bytiden troch guon skiedkundigen de ''Lotaringyske as'' neamd.

==Keninkryk Loataringen==
Doe't Lotarius I yn [[855]] oan it ferstjerren wie, ferdielde er syn keninkryk tusken syn trije soannen by it [[Ferdrach fan Prüm]]. De âldste soan, [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]], krige Itaalje en de keizerstitel. De jongste, [[Karel fan Provence|Karel]] dy't doe noch minderjierrich wie, krige de [[Provence |Provence]]. De middelste soan, [[Lotarius II]] krige de oerbliuwende gebieten benoarden de Provence. Dat keninkryk miste in etnyske of [[Taalkunde|taalkundige]] ienheid.

Lotarius II hearske fanút Aken en hy kaam syn keninkryk amper út. Doe't er yn [[869]] ferstoar hie er gjin echtlike bern, mar wol in bûtenechtliken ien, [[Hugo, hartoch fan de Elsas|Hugo]] (hartoch fan de [[Elsas]]. Syn omkes, kening [[Loadewyk de Dútser]] fan East-Frânsje en kening [[Karel de Keale]] fan West-Frânsje (dy't winliken gâns Loataringen hearskje woe) kamen yn [[870]] by it [[Ferdrach fan Meerssen]] oerien en ferdiel Loataringen tusken harren beide. It westlike part gie nei West-Frânsje en it eastlike part nei East-Frânsje. Dus it keninkryk Loataringen hold as in ienheid foar in skoftke op te bestean. Yn [[876]] foel Karel de Keale eastlik Loataringen oan mei de bedoeling it yn te liivjen, mar waard by [[Anderlach]] troch Loadewyk de Dútser ferslein.

Yn [[879]] waard de soan fan Loadewyk de Dútser, kening [[Loadewyk de Jongere]] frege troch guon Westfrankyske eallju om de soan fan Karel de Keale, kening [[Loadewyk de Stammerder]] op te folgjen op de troan fan West-Frânsje. Nei in koarte kriich hawwe de jonge soannen fan Loadewyk de Stammerder, [[Karloman II fan Frankryk|Karloman II]] en [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] westlik Loataringen oan East-Frânsje ôfstien. De grins tusken de twa keninkriken waard fêstlein by it [[Ferdrach fan Ribemont]] yn [[880]].

Yn novimber [[887]] ropte [[Arnulf fan Karintje]] in Ried fan Eastfrankyske ealllju byïnoar om keizer [[Karel de Grouwe]] ôf te setten, dy't yn [[884]] alle troanen fan it keizerryk oernimme koe. De Loataringyske [[aristokrasy]] stimde mei de oare Eastfrankyske eallju en stypje Arnulf as harren kening. [[Guido III fan Spoleto]], dy't kening fan Itaalje waard, en [[Rudolf I fan Boergonje]] fersetten harren ynearsten tsjin de kar foar Arnulf as keizer. Rudolf hope op it gânse eardere gebiet fan Lotarius II, mar moast it mar dwaan mei Boergonje.

Arnulf fersloech yn [[891]] de [[Wytsingen]] en ferdreau harren fan harren delsettings. Yn [[895]] stelde er syn bûtenechtlike soan [[Swindybold]] oan as kening fan Loataringen. Swindybold kaam lykwols om yn in slach tsjin hartoch [[Reinier fan Loataringen|Reinier]] op [[13 augustus]] [[900]]. It keninkryk hold doe op te bestean en waard in [[hartochdom]].