Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 12:
==Keninkryk Loataringen==
Doe't Lotarius I yn [[855]] oan it ferstjerren wie, ferdielde er syn keninkryk tusken syn trije soannen by it [[Ferdrach fan Prüm]]. De âldste soan, [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]], krige Itaalje en de keizerstitel. De jongste, [[Karel fan Provence|Karel]] dy't doe noch minderjierrich wie, krige de [[Provence |Provence]]. De middelste soan, [[Lotarius II]] krige de oerbliuwende gebieten benoarden de Provence. Dat keninkryk miste in etnyske of [[Taalkunde|taalkundige]] ienheid.

Lotarius II hearske fanút Aken en hy kaam syn keninkryk amper út. Doe't er yn [[869]] ferstoar hie er gjin echtlike bern, mar wol in bûtenechtliken ien, [[Hugo, hartoch fan de Elsas|Hugo]] (hartoch fan de [[Elsas]]. Syn omkes, kening [[Loadewyk de Dútser]] fan East-Frânsje en kening [[Karel de Keale]] fan West-Frânsje (dy't winliken gâns Loataringen hearskje woe) kamen yn [[870]] by it [[Ferdrach fan Meerssen]] oerien en ferdiel Loataringen tusken harren beide. It westlike part gie nei West-Frânsje en it eastlike part nei East-Frânsje. Dus it keninkryk Loataringen hold as in ienheid foar in skoftke op te bestean. Yn [[876]] foel Karel de Keale eastlik Loataringen oan mei de bedoeling it yn te liivjen, mar waard by [[AnderlachAndernach]] troch Loadewyk de Dútser ferslein.

Yn [[879]] waard de soan fan Loadewyk de Dútser, kening [[Loadewyk de Jongere]] frege troch guon Westfrankyske eallju om de soan fan Karel de Keale, kening [[Loadewyk de Stammerder]] op te folgjen op de troan fan West-Frânsje. Nei in koarte kriich hawwe de jonge soannen fan Loadewyk de Stammerder, [[Karloman II fan Frankryk|Karloman II]] en [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] westlik Loataringen oan East-Frânsje ôfstien. De grins tusken de twa keninkriken waard fêstlein by it [[Ferdrach fan Ribemont]] yn [[880]].

Yn novimber [[887]] ropte [[Arnulf fan Karintje]] in Ried fan Eastfrankyske ealllju byïnoar om keizer [[Karel de Grouwe]] ôf te setten, dy't yn [[884]] alle troanen fan it keizerryk oernimme koe. De Loataringyske [[aristokrasy]] stimde mei de oare Eastfrankyske eallju en stypje Arnulf as harren kening. [[Guido III fan Spoleto]], dy't kening fan Itaalje waard, en [[Rudolf I fan Boergonje]] fersetten harren ynearsten tsjin de kar foar Arnulf as keizer. Rudolf hope op it gânse eardere gebiet fan Lotarius II, mar moast it mar dwaan mei Boergonje.

Arnulf fersloech yn [[891]] de [[Wytsingen]] en ferdreau harren fan harren delsettings. Yn [[895]] stelde er syn bûtenechtlike soan [[Swindybold]] oan as kening fan Loataringen. Swindybold kaam lykwols om yn in slach tsjin hartoch [[Reinier fan Loataringen|Reinier]] op [[13 augustus]] [[900]]. It keninkryk hold doe op te bestean en it waard in [[hartochdom]].

==Hartochdom Loataringen==
De jonge kening fan East-Frânsje, [[Loadewyk it Bern]] stelde [[Gebhard fan Loataringen|Gebhard]] yn [[903]] oan as hartoch fan Loataringen. Syn titel wie yn it doetiidske Latynsk: ''Dux regni quod a multis Hlotharii dicitur'', "hartoch fan it keninkryk dy't troch in soad fan Lotarius neamd wurdt". Hy ferstoar yn [[910]] yn in slach tsjin de Hongaren.

Doe't yn [[911]] de [[Konradinen|Konradyn]] [[Koenraad I fan Franken]] ta kening fan Dútslân keazen waard, stimden Loataringyske eallju ûnder hartoch Reinier en foegje harren hartochdom ta West-Frânsje, dat noch hieltyd troch Karolingen hearske wie. Yn [[915]] joech kening [[Karel de Ienfâldige]] him de titel fan [[markgreve]]. Reinier syn soan [[Gilbert fan Loataringen|Gilbert]] folge him op en brûkte de titel ''dux Lotharingiae'', "hartoch fan Loataringen".

Doe't de Westfranken Karel de Ienfâldige yn [[922]] ôfsetten, bleau er lykwols kening yn Loataringen, fan dêr't er West-Frânsje wer werom ferôverje woe. Hy waard oppakt en finzennaam oant syn dea yn [[929]]. De kening fan East-Frânsje/Dútslân, [[Hindrik de Fûgelder]], makke gebrûk fan dy tastân en foel yn [[923]] yn Loataringen (mei Elsas ynbegrepen). Yn [[925]] namen de Lotaringjers ûnder hartoch Gilbert Hindrik oan as kening. Yn [[930]] waard Gilbert beleane mei Hindrik syn dochter Gerberga, dêr't er mei boaske.

Nei't Hindrik yn [[936]] ferstoar stapte Gilbert wer oer nei de Westfranken, om't de kening dêre, [[Rudolf fan Frankryk|Rudolf]], sêft wie en him net in soad mei pleatslike belangen bemuoide. Yn [[939]] foel Hindrik syn soan en opfolger, keizer [[Otto I de Grutte]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], Loataringen oan en by de [[Slach by Andernach]] fersloech er Gilbert. Gilbert besocht te flechtsjen, mar fersûpte wylst er de [[Ryn]] oerstekke soe.

De hartoggen fan Loataringen waarden tenei troch de keningen/keizers beneamd. [[Hindrik I fan Beieren]] waard hartoch foar twa jier, dy't yn [[941]] opfolge waard troch hartoch [[Otto fan Loataringen|Otto]] en dy yn [[944]] wer opfolge waard troch hartoch [[Koenraad de Reade]]. Loataringen waard omfoarme ta in [[stamhartochdom]], dêrfan't de hartoggen in stim hiene in keninklike ferkiezings. Wylst de oare stamhartochdommen folks- en histoaryske identiteiten hiene, wie dy fan Loataringen allinnich in politike.

Kening [[Loadewyk IV fan Frankryk|Loadewyk IV]] fan West-Frânsje besocht Loataringen werom te krijen en boaske mie de widdo fan Gilbert en Otto syn suster, Gerberga. Op syn bart naam Otto yn [[942]] de hulde oan fan de Westfrankyske [[Hugo de Grutte]] en Herbert II, greve fan Vermandois yn [[Attigny (Ardennes)|Attigny]]. De swakke Loadewyk IV hie gjin oare kar as Otto syn hearskippij oer Loataringen te erkennen. Yn [[944]] foelen de Westfranken Loataringen yn, mar lutsen harren wer werom doe't Otto mei in grut leger ûnder lieding fan hartoch [[Herman I fan Swaben]] klear stie.

==Ferdieling fan 959 en neitiids==
[[Ofbyld:Herzogtum Lothringen 1000.PNG|250px|thumb|Hartochdom Loataringen mei Neder- en Opperloataringen]]
Yn [[953]] kaam hartoch Koenraad yn opstân tsjin Otto I en waard oan de kant setten en ferfongen troch Otto syn broer [[Bruno de Grutte]], dy't Loataringen yn [[959]] wer ta frede brocht troch it te ferdielen yn [[Opperloataringen]] (''Lotharingia superior'') ûnder [[Freark I fan Opperloataringen|Freark I]] en [[Nederloataringen]] (''Lotharingia inferior'') ûnder [[Godfryd I fan Nederloataringen|Godfryd I]].

Yn [[978]] foel kening [[Lotarius fan Frankryk|Lotarius]] fan West-Frânsje Loataringen oan en besette Aken, mar keizer [[Otto II fan it Hillige Roomske Ryk]] foel op syn bart oan en berikte de muorren fan [[Parys]]. Yn [[980]] sei Lotarius al syn rjochten foar Loataringen op.

Mei útsûndering fan in koarte skoft ([[1033]]-[[1044]] ûnder [[Gotselo I fan Loataringen|Gotselo I]]) wie de ferdieling definityf en de markgreven foarmen harren lienskippen om ta hartochdommen. Yn de [[tolfde iuw]] fersnippere it hartochdom Nederloataringen yn lytsere foarstendommen, dêr't ûnder oaren de hartochdommen [[Hartochdom Limburch|Limburch]] en [[Hartochdom Brabân|Brabân]] ûntstiene. De hartoggen fan dy twa hartochdommen namen de titel "Hartoch fan Lotier" of "Loatryk" (ôflaat fan Loataringen) oan. Mei it ferdwinen fan "Neder"loataringen, waard Opperloataringen bekend as Loataringen (Frânsk: ''Lorraine'', Dútsk: ''Lothringen'') yn it Hillige Roomske Ryk.

Nei iuwenlang besykjen fan de Frânsken Loataringen yn te liivjen, waard it yn [[1737]] nei de [[Poalske Súksesjekriich]] einlings in part fan [[Frankryk]]. Yn [[1766]] wie it hartochdom urven troch de Frânske kroan. Yn [[1871]] nei de [[Frânsk-Dútske Kriich]] waarden de noardlike parten fan Loataringen mei de Elsas foege en waard it as [[Elsas-Loataringen]] in provinsje yn it [[Dútske Keizerryk]]. Hjoed-de-dei is it wer in part fan Frankryk.

==Sjoch ek==
*[[Nederloataringen]]
*[[Opperloataringen]]

==Lês ek==
*''Annales vedastini'' yn de [http://www.thelatinlibrary.com/annalesvedastini.html Latin Library]
*''Annales xantenses qui dicuntur'' yn de [http://www.thelatinlibrary.com/xanten.html Latin Library]
* Bartholomew, John, and Wakelyn Nightingale. '' Monasteries and Patrons in the Gorze Reform: Lotharingia C.850-1000'' (2001)
* Clark, Samuel. ''State and Status: The Rise of the State and Aristocratic Power in Western Europe'' (1995) siden 53–79 [https://www.google.com/search?tbo=p&tbm=bks&q=isbn:0773512497]
*MacLean, Simon. (2013). "Shadow Kingdom: Lotharingia and the Frankish World, c.850–c.1050". ''History Compass'', '''11''': 443–457.
* [[Timothy Reuter]], ed. ''The New Cambridge Medieval History, III: c. 900–c. 1024'', Cambridge: Cambridge University Press, 2005. [https://books.google.com/books?id=u-SsbHs5zTAC&pg=PA388&dq=Lotharingia&hl=en&sa=X&ei=d53MUKHAH67riQL8xIHwBA&ved=0CFYQ6AEwBzgK#v=onepage&q=Lotharingia&f=false]

{{boarnen|boarnefernijing=
*Bullough, D.A. (1975). "The Continental Background of the Reform". In Parsons, David. Tenth-Century Studies. Chichester, UK: Phillimore. side 22 isbn=0 85033 179 X
*[https://books.google.lv/books?id=Tcjy7bCmFL0C&pg=PA274&dq=lotharingia&hl=en&sa=X&redir_esc=y#v=onepage&q=lotharingia&f=false The Carolingians:A Family Who Forged Europe]

[[Kategory:Frankyske Ryk]]