Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 18:
 
==Hartochdom Loataringen==
De jonge kening fan East-Frânsje, [[Loadewyk it Bern]] stelde [[Gebhard fan Loataringen|Gebhard]] yn [[903]] oan as hartoch fan Loataringen. Syn titel wie yn it doetiidske Latynsk: ''Dux regni quod a multis Hlotharii dicitur'', "hartoch fan it keninkryk dy't troch in soadea fan Lotarius neamd wurdtwie". Hy ferstoar yn [[910]] yn in slach tsjin de Hongaren.<br/>
Doe't yn [[911]] de [[Konradinen|Konradyn]] [[Koenraad I fan Franken]] ta kening fan Dútslân keazen waard, stimden Loataringyske eallju ûnder hartoch Reinier en foegje harren hartochdom ta West-Frânsje, dat noch hieltyd troch Karolingen hearske wie. Yn [[915]] joech kening [[Karel de Ienfâldige]] him de titel fan [[markgreve]]. Reinier syn soan [[Gilbert fan Loataringen|Gilbert]] folge him op en brûkte de titel ''dux Lotharingiae'', "hartoch fan Loataringen".<br/>
Doe't de Westfranken Karel de Ienfâldige yn [[922]] ôfsetten, bleau er lykwols kening yn Loataringen, fan dêr't er West-Frânsje wer werom ferôverje woe. Hy waard oppakt en finzennaam oant syn dea yn [[929]]. De kening fan East-Frânsje/Dútslân, [[Hindrik de Fûgelder]], makke gebrûk fan dy tastân en foel yn [[923]] yn Loataringen (mei Elsas ynbegrepen). Yn [[925]] namen de Lotaringjers ûnder hartoch Gilbert Hindrik oan as kening. Yn [[930]] waard Gilbert beleane mei Hindrik syn dochter Gerberga, dêr't er mei boaske.<br/>