Midden-Frânsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: 250px|thumb|Midden-Frânsje yn grien '''Midden-Frânsje''' (Latyn: ''Francia media''), '''Middenryk''' of '''Midfrankyske Ryk''' wie in Frankysk...
 
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Middle Francia 843.svg|250px|thumb|Midden-Frânsje yn grien]]
'''Midden-Frânsje''' ([[Latyn]]: ''Francia media''), '''Middenryk''' of '''Midfrankyske Ryk''' wie in [[Frankyske Ryk|Frankysk]] keninkryk dat mar foar in koart skoftke bestien hat. It waard foarme yn [[843]] nei it [[Ferdrach fan Verdun]]. Keizer [[Loadewyk de Fromme]] ferdielde it keizerryk ûnder syn soannen. It Middenryk kaam ta de âldste soan [[Lotarius I]], wylst er ek de keizerstitel krige. Yn syn ryk leine [[Aken]], de residinsje fan syn pake [[Karel de Grutte]] en [[Rome]], de residinsje fan de [[paus]] en earder de [[Romeinske keizers]]. It ryk miste in [[etnysk]]e en [[Skiedkunde|skiedkundige]] ienheid ta tsjinstelling fan [[West-Frânsje|West-]] en [[East-Frânsje]].<br/>
Midden-Frânsje lei dus tusken de keninkriken fan West- en East-Frânsje yn en omfieme it Frankyske stamlân tusken de [[Ryn]] en [[Skelde]], de gebieten fan de eardere [[Fryske Ryk|Fryske]] en [[Boergondyske Ryk|Boergondyske]] keninkriken (mei útsûndering fan it westlike part fan Boergonje, dat letter it Frânske [[hartochdom Boergonje]] waard) en Noard-[[Itaalje]]. Nei it ferpartsjen yn [[855]] by it [[Ferdrach fan Prüm]] waard Midden-Frânsje ferdield yn trije keninkriken: [[Loataringen]] (neamd nei Lotarius syn soan [[Lotarius II]]), [[Provence]] en [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Itaalje]].<br/>
Talen dy't yn Midden-Frânsje sprutsen waarden, wiene: [[Frankysk]], [[Aldfrysk]], [[Aldsaksysk]], [[Aldnederlânsk]], [[Aldheechdútsk]], [[Aldfrânsk]] en [[Alditaljaansk]]. It leauwe wie it [[katolike]] [[kristendom]] en [[Germanen|Aldgermaanske]] [[heidendom]].