Saailân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 4:
==Skiednis==
[[Ofbyld:Zaailand feb 07.JPG|thumb|left|250px|It plein sa't it der yn [[2007]] hinne lei.]]
It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn [[1865]] wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek [[Keatsen|keatswedstriden]], [[ringriderij]]en, feemerk en sjippekistereses hâlden. Flak foar de befrijing waard yn aprilFan [[19451867]] itoant [[Old Burger Weeshuis1987]] trochstie deoan Dútsers'e ynsúdlike derâne brânfan stutsen.it Letterplein soede dêr[[Ryks-HBS it(Ljouwert)|Ryks-HBS]], geboudy't fan de[[1968]] ôf wetterliedingRSG ferrizehiet.
 
Flak foar de befrijing waard yn april [[1945]] it [[Old Burger Weeshuis]] troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske [[M4 Sherman|Shermantanks]] te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as ''Houbein'', ''de Nederlanden'', ''Us Thús'', ''Friesch koffiehuis'' en ''City Bar''. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
 
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn [[2011]] wie yn it [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]] in eksposysje oer it plein te sjen. Yn [[2013]] stie it [[Glêzen Hûs]] fan [[Serious Request]] (Radio [[3FM]]) op it Saailân.