Plein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L noch wat
 
Rigel 4:
Yn 'e measte âldere [[Jeropa|Jeropeeske]] stêden binne pleinen ûntstien út merkplakken, dêr't foarhinne (en no noch wol) geregeldwei [[merk (hannelsgearkomste)|merk]] holden waard. Fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf kaam der ek in oar type plein, it saneamde paleisplein, dat oanlein waard foar [[paleis|paleizen]] of oare wichtige gebouwen (lykas [[stedhûs|stedhuzen]], [[gerjochtsgebou]]wen, ensfh.). Sokke pleinen tsjinnen om 'e [[swidens]] fan it oangeande gebou te toanen (dy't oars ôfskerme wurde soe troch oare gebouwen). Faak waarden (of wurde) op sokke pleinen ek [[seremoanje]]s en [[militêre parade]]s holden. Paleispleinen binne ornaris regelmjittiger fan foarm as merkplakken.
 
Bekende pleinen yn [[Fryslân]] binne: it [[Saailân]] en it [[Aldehouster Tsjerkhôf]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Plein 1455]] yn [[Boalsert]] en, de [[Bredepleats (Frjentsjer)|Bredepleats]] yn [[Frjentsjer]] en de [[Feemerk (plein yn Snits)|Feemerk]] yn [[Snits]]. Yn oare dielen fan [[Nederlân]] kin men tinke oan [[De Dam (Amsterdam)|De Dam]] yn [[Amsterdam]], it [[Waachplein (Alkmar)|Waachplein]] yn [[Alkmar]] (dêr't de [[Tsiismerk (Alkmar)|Tsiismerk]] holden wurdt) en de [[Grote Markt (Grins)|Grote Markt]] yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Yn it bûtenlân hat men bgl. [[Times Square]] yn [[New York (stêd)|New York]], it [[Reade Plein]] yn [[Moskou]], it [[Sint-Pitersplein]] yn [[Rome (stêd)|Rome]], it [[Place de la Concorde]] yn [[Parys]], de [[Pariser Platz]] yn [[Berlyn]], it [[Piazza San Marco]] yn [[Feneesje]], it [[Piazza della Signoria]] yn [[Florâns]], it [[Wenseslasplein]] yn [[Praach]] en it [[Plein fan de Himelske Frede]] yn [[Peking]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=