Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering: buste -> búste
Rigel 52:
Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn [[1850]] krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten [[strjitferljochting]], neffens Santema "''in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei.''"<ref>Santema, O., ''Dronryp'', yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, ''Skiednis fan Menameradiel'', s. 404.</ref> Om deselde tiid hinne krige Dronryp in wolfoarsjoene [[bibleteek]], en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) [[legere skoalle]]. Teffens naam de [[skipfeart]] oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn [[1951]] kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e [[feart]] ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omnamme ta it [[Van Harinxmakanaal]]. Yn [[1863]] kaam it [[spoarwegen|spoar]], en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in [[strjitwei]] oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't oan 'e noardkant by it doarp lâns rûn. Fan [[1900]] ôf ried dêr de [[tram]], en sûnt de 1930-er jierren de [[autobus|bus]].
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|300px|[[D' Alde Wite]], de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
[[File:Eise Eisinga stânbyld Dronryp.JPG|right|200px|thumb|De [[stânbyld|bustebúste]] fan [[Eise Eisinga]] yn syn berteplak Dronryp.]]
 
Yn it lêst fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], op [[woansdei]] [[11 april]] [[1945]], brochten de [[Dútslân|Dútsers]] fjirtjin gizelders út it hûs fan bewar yn Ljouwert nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in [[trein]] ûntspoare litten hie. Om't de [[brêge]] oer it nije [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen dêr út 'e frachtwein helle en oan 'e [[igge]] fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it [[talud]] fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dizze [[Dronryp-represaille]] útfierd waard, stiet noch altyd in [[tinkteken]] yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers binne: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. De fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle, en oerlibbe de moardpartij op wûnderbaarlike wize, temear om't de slachtoffers ûnder skerpe Dútske bewekking 24 oeren ûnoanroerd bleaune.