Nijebiltdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
by de tiid brocht
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Nieuwe Bildtdijk.jpg|thumb|De Biltdyk]]
De '''Nijebiltdyk''' (ek wol [[stavere]] as 'Nije Biltdyk'; [[Biltsk]]: ''Nije Dyk''), is in [[dyk]] yn de gemeente [[it Bildt]] yn [[Fryslân]]. Sûnt 2015 falt de dyk ûnder it [[Ryksbeskerme gesicht Alde en Nije Bildtdiken]].
 
De Nijebiltdyk waard yn [[1600]] oanlein om it nije polderlân, It Nije Bilt, tsjin de [[Waadsee]] te beskermjen. De nije dyk makke dyn funksje fan de [[Aldebiltdyk]] oerstallich. Yn [[1754]] waard wer in nije dyk oanlein, wêrtroch't de Nijebildtdyk de funksje fan [[slieperdyk]] krige. It nij oanwûn lân tusken dy diken krige de nammen [[Wester Bildtpollen]] en [[Easter Bildtpollen]]. Oer de Nijebiltdyk waard dêrnei in melle wei oanlein en waarden fral oan de noardkant fan dy dyk in tal huzen en pleatsen set. Oan de fierste westside leit de buorskip [[Swarte Herne]], dêr't oant [[1948]] wei ek in boatferbining ûnderholden waard mei [[It Amelân]], en oan de uterste eastside fan de dyk leit de buoskip [[Nijebiltsyl]] (''Nije-Syl'').