Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling; komt noch mear by
L →‎Iere libben: Hôf is tún
Rigel 5:
 
==Iere libben==
Loadewyk wie yn syn iere jierren gauris ynoan it hôfhof fan syn pake, keizer [[Karel de Grutte]], dêr't er in goede relaasje mei hie. Nei't syn heit Loadewyk de Fromme keizer waard nei it ferstjerren fan Karel de Grutte, stelde dy yn [[817]] it ''[[Ordinatio Imperii]]'', in feroardering dy't de ferdieling fan it ryk oer syn trije soannen regele, gear en waard Loadewyk de Dútser as [[ûnderkening]] fan it [[hartochdom Beieren]] oansteld. Karel de Grutte begûn mei sokke praktiken; dat er in famyljelid oanwiisde om as ûnderkening fan in pleatslike keninkryk te wurden. Loadewyk regearre fanút [[Regensburch]], de âlde haadstêd fan de [[Bajuwaren]]. Yn [[825]] rekke er belutsen yn oarloggen tsjin de [[Wenden]] oan de eastlike grins. Yn [[827]] boaske er mei [[Emma]], suster fan syn styfmem [[Judit fan Beieren]], beide dochters fan [[Welf]], de stifter fan it Hûs fan de [[Welfen]] dy't besittings hie fan de [[Elsas]] oant Beieren.