Nunspeet (plak): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] nei Nunspeet (gemeente)
+t
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Oarspronklik is Nunspeet in [[iesdoarp]], ûnstienûntstien op de grins fan bosk en wetter. It âldste diel fan de doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e iuw, mar der moat al yn it jier 1313 in tsjerke op dat plak stien ha. De struktuer fan it hjoeddeiske doarp is lykwols ûnstien fanôf it midden fan de 19e iuw. De ynwenners fan Nunspeet wiene eartiids earm en fûnen harren bestean as lytse boeren, deihiersarbeiders en [[iikskylder]]s, dy't benammen yn [[Spitkeet|spitketen]] wennen.
 
De oanwêzigens fan wetter, bosk, heide en sânferstowings om Nunspeet hinne meitsje it plak tsjintwurdich populêr by toeristen. Nunspeet registrearret alle jierren mear dan in miljoen oernachtigings. Om it plak hinne lizze ferskate kampings en der binne tal fan kuier- en fytsrûtes útset. Nunspeet wie yn de twadde helte fan de 19e en earste helte fan de 20e iuw in plak dat in grutte oanlûkingskrêft op keunsters útoefene. Yn it ''Noord-Veluws Museum'' binne tal fan wurken fan dy keunsters te sjen.<ref>[http://www.noord-veluws-museum.nl/ Noord-Veluws Museum]</ref>