Penjumer Halsbân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
typo
Rigel 3:
De '''Penjumer Halsbân''' of '''Penjumer Gouden Halsbân''' is in [[dyk]] om it doarp [[Penjum]] dy't it beskerme tsjin it wetter fan de see-earm de [[Marne (slinke)|Marne]]. De dyk is foar it grutstepart oanlein yn de [[10e iuw]] en foltôge om 1100 hinne mei de oanlis fan de [[Griend Dyk]]. Doe't yn de nacht fan [[Wettersneed fan 1825|3 op 4 febrewaris 1825]] de Fryske seediken trochbrutsen yn in fleanende [[Wettersneed fan 1825|westerstoarm]], bleau Penjum sparre tanksij de dyk. It doarp Penjum sels, mar ek dielen fan de Halsbân lizze op in tijwâl. Dy wâlen binne ûntstien yn in tiid dat de see dêr frij tagong hie. Se waaierje, om sa te sizzen, út oer it lânskip foarby Arum, [[Wytmarsum]] en [[Skraard]].
 
Yn it hert fan dat kompleks fan wâlen leit it restant fan in âlde see-eroazjeslinke, de [[Marne]]. Yn it lân fine jo dy eroazjeslinke noch werom yn it wat leger lizzend part oan wjerskanten fan de [[Bidlersfeart]] en de Harnzer- en [[Wytmarsumer Feart]]. No hat de Halsbân har wetterkearende funksje ferlern en is de dyk foar it grutstepart ôfgroeven. De Marne rûn earder yn in heale sirkel noard en east om Penjum hinne en gie foarby Wytmarsum fierder it lân yn oan Boalsert ta. Hoenear't de Marne ûnstienûntstien is, is net krekt te sizzen. Guon sizze dat er al yn de foar-Romeinske tiid ûntstien is. Der binne lykwols ek oanwizingen dat de ynfloed fan de see yn it gebiet bewesten Penjum en Kimswert yn dy tiid net grut wie. Geologysk ûndersyk hat útwiisd dat de Marne pas yn de 9e en 10e iuw op syn grutst en agressyfst wie.
 
[[Kategory:Penjum]]