Sosjalistyske Partij (Nederlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 18:
 
== Skiednis==
De SP is yn 1972 oprjochte. De partij is ûnstienûntstien út de kommunistyske beweging mar dêr hiene se ôfstân fan naam. De partij wie yn earste ynstânsje oprjochte om lokale aksjes te fieren en stipe oan de boargers te ferlienen op it mêd fan sojale wenningbou, miljeu, útkearingen en sa. In tal ôfdielingen hat in "''Help Tsjinst''" foar minsken dy't help nedich hawwe by it omgean mei ynstânsjes, ynfollen fan formulieren en sa. Troch dy aksjes krigen sy al gau gruttere bekendheid, wat harren earste riedssitten oplevere yn de gemeenten Nijmegen en Oss. Dêrnei waarden der al ridlik gau ôfdielings oprjochte yn mear gemeenten.
 
De partij kaam yn 1994 foar it earst yn de Twadde Keamer mei twa sitten. De earste twa keamerleden wienen [[Jan Marijnissen]] en [[Remi Poppe]]. Dêrnei is de partij nochal hurd groeid oant sy by de Keamerferkiezings fan 2006 op 25 sitten kaam. Dat tal hawwe sy net fêsthâlde kind.