Haarlim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
No edit summary
Rigel 3:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Gerrit Adriaensz. Berckheyde 003.jpg|thumbnail|Stêdsbyld fan Haarlim (2e helte 17e iuw).]]
De stêd is ûnsteanûntstien om 900 hinne en krige [[stedsrjochten]] yn [[1245]]. Yn de 15e iuw hie de ekonomy fan Haarlim leien fan de frijheidsstriid fan [[West-Fryslân]] tsjin de greven fan Hollân. Yn [[1572]] keas de stêd yn de [[Tachtichjierrige Kriich]] de kant fan [[Willem fan Oranje]] en tsjin de [[Spanje|Spaanske kening]]. Op [[11 desimber]] [[1572]] begûn in Spaansk leger ûnder [[don Freark]] it [[Belis fan Haarlim (1572-1573)|Belis fan Haarlim]], dat sân moannen duorre, oant de úthongere stêd him op [[13 july]] [[1573]] oerjoech. As straf fermoaden de Spanjerts 1.700 leden fan it [[garnizoen]] en 300 foaroansteande boargers. Yn [[1577]] lutsen de Spanjerts har werom en dêrnei gong it stadichoan wer better mei de ekonomy. Dat hie ek te krijen mei de [[trekfeart]]en nei Amsterdam en [[Leien]]. Oan de ein fan de [[17e iuw]] wennen der 55.000 minsken yn Haarlim en wie ien fan de grutste stêden fan [[Hollân]]. Nei 1680 gong it lykwols minder mei de tekstylniverheid. Yn 1815 wennen der krapoan 20.000 minsken. It earste treinspoar yn Nederlân rûn fan Amsterdam nei Haarlim en waard op 1839 iepene. Yn 1843 waard dat spoar ferlinge nei Leien.
 
== Ferneamde ynwenners ==